1 - Demokrasy
De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it
folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.
2 - Federalisme
De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy't
minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen
libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de
provinsjes, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.
3 - Ynternasjonalisme
De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de
wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare
kultueren en libbensoertsjûgings steane dêrby sintraal.
4 - Taal en kultuer
Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken.
De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr't ek oare talen en kultueren res-pektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildts en it Stellingwarfs.
5 - Undernimmerssin
De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit,
ferantwurdlikheid en ûndernimmerskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen
by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.
6 - Solidariteit
De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan
de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong
en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te
stean.
7 - Duorsumens
De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfer-tarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.
PROGRAM 2022 - 2026
Ynlieding
De FNP wol it alderbêste foar alle ynwenners fan Tytsjerksteradiel.
Oan elkenien wol de partij plak en romte biede. De bern en de jongerein moatte harren gerak krije, dyselden dy't fan oaren ôfhinklik binne, moatte genôch stipe krije en de âl- derein moat alle soarch krije dy't nedich is.
Mei oare wurden: elk moat him thúsfiele yn ús moaie gemeente. Dêrom is ús biedwurd 'FNP FOAR DY'
De FNP-fraksje hat al hast in heale iuw in plak yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel. Fan 1998 ôf hie de FNP trije riedssitten en fan 2010 ôf fiif. Piet Reitsma is fan 2016 ôf fraksjefoarsitter en hy hat yn de mande mei Tjikke Krijgsman, Freddy de Haan, Alex Nijboer en Jan Pieter van der Velde foarm en ynhâld jûn oan de útgongspunten fan de FNP yn de gemeenteried. Fan 2010 ôf is der bestjoerlike ferantwurdlikens droegen troch de wethâlders Geerling Schippers, Rommert Dijk en yn 2019 waard Tytsy Willemsma lid fan it kolleezje fan B&W.
Om dat foarinoar te krijen moat de leefberens yn ús gemeente sintraal stean.
It begryp leefberens is foar de FNP in wêzentlike betingst foar in goed libben. Leefberens beskôget ús partij dan ek as in kaaiwurd, dat de doar iepenset nei it bieden fan goede wenomstannichheden, kondysjes foar wurkgelegenheid kreëare, soarch foar berikbere foarsjenningen, each foar de feiligens fan 'e boarger en it behâld fan de eigen identiteit.
Praktysk betsjut dat
De FNP is derfoar elkenien. Dus: foar elkoar en mei-elkoar!
Gearspraak/Partisipaasje* is de reade tried yn it hâlden en dragen fan de FNP.
De FNP is foar it behâld fan ús karakteristike lânskip.
It brûken fan it Frysk yn de mienskip is fanselssprekkend foar de FNP.
De FNP stiet noed foar it Frysk en it fryskeigene yn ús gemeente.
Natuer en miljeu yn ús gemeente hawwe it bysûndere omtinken fan de FNP.
Foar de ûndernimmer wol de FNP goede fêstingsmooglikheden biede.
* Gearspraak/Partisipaasje
Hâldt yn dat:
de gemeente him nei de ynwenners tsjinstber, leechdrompelich, werkenber en
oansprekber opstelt;
dy ynwenners fan 't begjin ôf yn beslútfoarmingsprosessen behelle wurde;
amtners en bestjoerders sille by harren wurk de stipe fan 'e ynwenners sykje moatte, harren op 'e hichte hâlde moatte fan ûntjouwings en kontaktmjittich soargje moatte foar koarte linen;
as it om provinsjale en/of lanlike saken giet sil it gemeentebestjoer de boargers goed foarljochtsje moatte oer de konsekwinsjes dêrfan.
It program foar de riedsperioade 2022 - 2026
De FNP kiest der foar net in hiel wiidweidich program te skriuwen.
De fyzje fan de FNP wurdt yn haadpunten werjûn en is keppele oan de 7 kearnwearden.
De FNP hat each en ear foar elkenien.
Bestjoer
De FNP is fan betinken dat it beslissingsfoech lizze moat by de demokratyske oerheid fan de lytste ienheid dy't dat hantearje kin, nammentlik it gemeentebestjoer.
Mei gearspraak/partisipaasje as útgongspunt betsjut dit dat it oerlis - it praten mei en it harkjen nei de boargers - mei de mienskip de basis is foar de plannerij en beslút- foarming.
De rol fan 'e ferienings foar doarpsbelangen mei harren doarpsfyzjes binne hjir wichtich yn; mar ek oare belangegroepen moatte partisipearje kinne.
Us gemeente hat genôch bestjoerskrêft en kin dus selsstannich bliuwe; der is wol in gearwurking mei buorgemeente Achtkarspelen; dy gearwurking hat as útgongspunt dat it belied by de gemeente sels bliuwt en dat de beliedsútfiering, as dat foardiel op- smyt, mienskiplik plakfine kin.
Dêrneist hat de FNP ek each foar de kânsen dy't gearwurking mei oare gemeenten opsmite kin en wol de goede kontakten mei it provinsjebestjoer behâlde.
By útstellen dy't grutte bestjoerlike konsekwinsjes hawwe, moat de befolking per- foarst yn 't foar rieplachte wurde.
Boppegemeentlike taken - bygelyks by mienskiplike regelingen - moatte helder, trochsichtich en beynfloedber wêze.
De eigenheid fan ús gemeente wolle wy útdrukke troch de ekstinsje .frl op it eigen webstek en yn it e-postferkear te brûken.
It aktyf brûken fan begryplik Frysk, mûnling en skriftlik, moat wizânsje wêze.
It ferminderjen fan besteande regeldruk moat in basishâlding fan it gemeentebestjoer wêze en kin stal krije troch by nije regeljouwing de 'âlde' regels te skrassen.
Taal is de sprekbuis fan de siel
Taal en kultuer
Taal en kultuer binne by útstek de dragers fan de identiteit fan in mienskip.
De no besteande kulturele ynfrastruktuer sil fersterke wurde moatte. Dêrby moat ekstra omtinken wêze foar it belûken fan 'e (jonge) boargers by aktiviteiten dy't kreatyf tinken stimulearje en sa ynspirearjend wurkje dat der yn 'e gemeente kulturele brûsplakken ûntstean dy't ek noch nije wurkgelegenheid opsmite kinne. Op dat mêd binne de ûnder- steande útgongspunten foar de FNP tige wichtich.
It aktyf fieren fan in belied oangeande it brûken fan it Frysk.
In folweardich plak fan it Frysk - sawol yn belied én útfiering as mûnling en skriftlik - yn de gemeentlike organisaasje en dêr bûten.
In aktive behearsking fan beide talen sawol mûnling as skriftlik is in funksje-eask yn de gemeentlike organisaasje.
It Frysk moat mear brûkt wurde op it gemeentlik webstek.
Yn it ramt fan de boppelokale funksje fertsjinje de musea yn ús gemeente gemeentlike stipe.
In goede en brede biblioteekfoarsjenning is in basisbetingst.
Inisjativen út de befolking wei op it mêd fan keunst - lykas in keunstrûte of in iepenloftspul - moatte safolle mooglik stimulearre en stipe wurde.
It omtinken foar gemeentlike monuminten moat by de boargers stal krije troch draachflak te kreëaren mei in oansprekkend belied.
Goed ûnderwiis jout belutsen boargers
Underwiis
It gemeentebestjoer is finansjeel ferantwurdlik foar de húsfêsting fan de skoallen yn de gemeente. Mar njonken de húsfêsting is de rol fan de gemeente op it mêd fan ûnderwiis en foarming wichtich. Sa hat it gemeentebestjoer in posysje op it mêd fan de berne- opfang en de pjutteboartersplakken. Dêrnjonken subsidiearret de gemeente yn it ramt fan it eigen ûnderwiisbelied beskate aktiviteiten yn it foarskoalsk-, basis- en it fuortset ûnderwiis.
Foar it te fieren belied binne de ûndersteande punten foar de FNP fan belang.
It yn stân hâlden fan kwalitatyf goede basisskoallen en pjutteboartersplakken is ús útgongspunt. As der yn in doarp yn gearspraak/partisipaasje mei de âlden oergien wurde kin fan twa aparte nei ien libbensfetbere doarpsskoalle, hat dat ús ynstimming.
It besteande oanbod fan fuortset ûnderwiis moat oerein bliuwe en it stribjen nei in ta- riedend wittenskiplik ûnderwiis-fêstiging moat stipe wurde.
By nije húsfêstingsplannen wurdt der goed sjoen nei de mooglikheden foar it opsetten fan in gebou mei mear funksjes as allinnich ûnderwiis; yn it ramt fan it belied foar maatskiplik fêstgoed kinne mienskippen dan ferrike wurde mei passende akkommodaasjes dy't ek as moetingsplak funksjonearje sille.
De gemeente moat tasjen op de kwaliteit fan en it tal pjutteboartersplakken.
It stimulearjen fan it Frysk yn it ûnderwiis en by de foarming is in ûnderdiel fan it eigen taalbelied.
Trijetalige skoallen moatte yn ús gemeente algemien wurde.
In wenteboubelied foar álle doarpen
Wenjen
Us gemeente wurdt karakterisearre as in gemeente dêr't it goed wenjen is.
Om dat sa te hâlden sil der omtinken wêze moatte foar in tanimming fan 'e wenmoog- likheden yn àlle doarpen. Dat kin stal krije troch modulêre, libbensrinbestindige nijbou ta te passen en te besykjen oft nije wenfoarmen yn ús doarpen realisearber binne.
Foldwaande betelbere wenromte nei aard en skaal yn àlle doarpen.
It realisearjen fan foldwaande sosjale wentebou yn 'e mande mei de hierdersferieningen.
It belied fan de wenteboukorporaasjes kritysk folgje en wêr mooglik bystjoere troch der op oan te stean dat dizze ynstellingen harren haadtaak, it bouwen fan betelbere wenten mei faasje wer oppakke.
By de bou, ferbou en renovaasje fan wenten moat duorsumens, kwaliteit en ynpassing yn it lânskip in wichtige rol spylje.
Enerzjyneutraliteit by de wentebou en wenjen moat stimulearre wurde.
Om de fitaliteit fan ús doarpen te behâlden, moat der sa boud wurde dat jonge húshâldingen harren yn álle doarpen fan ús gemeente ta wenjen sette kinne.
Guon gebouwen liene him tige om omboud te wurden ta in wenbestimming, de kânsen dy't him dêrta foardogge, moatte oangrepen wurde.
De FNP wol de ferstienning fan de beboude kommen tsjingean, want troch it betegeljen (fan tunen), fluorjen en asfaltearring is der hieltyd minder romte foar wetter om op natuerlike wize yn 'e grûn te sakjen.
Wentebou westlik fan 'e Sintrale As yn De Warren wiist de FNP finaal ôf.
Om de leefberens yn alle doarpen te befoarderjen moat boud wurde, ek troch de wenteboukorporaasjes, neffens it ferlet, benammen omdat der dan yn dy doarpen in trochstreameffekt yn gong set wurdt.
De FNP fynt it útgongspunt dat famyljes ûnder ien dak wenje - 'kangeroewenten' - in hiel akseptabel konsept.
De FNP foar in goed sosjaal belied
Wolwêzen en soarch
Mei it belied dat ús gemeente fiert op it mêd fan wolwêzen kinne wy foar de kreammen lâns. Under wolwêzen heart ek sosjale feiligens. Dat betsjut dat de gemeente de taak hat om it noflik en feilich wenjen yn ús gemeente te befoarderjen yn oparbeidzjen mei de befolking.
It romhertige sosjaal belied fan ús gemeente wurdt fuortset.
De gemeente soarget foar in bliuwende goede foarljochting oer de kritearia foar it takennen fan soarch, bystân, ensfh.; de eigen regy fan 'e belutsen boarger moat hjir útgongspunt wêze en de basis foar it te bieden maatwurk lizze.
De yndikaasjestelling foar soarch en tsjinsten is objektyf, ûnôfhinklik en yntegraal.
By de útfiering fan de opdrachten yn it Sosjaal Domein leit de klam op kwaliteit; dat jildt foar alle tsjinsten dy't de gemeente biede kin oan alle ynwenners.
By it oanbesteegjen fan de soarch moat it útgongspunt wêze dat de helpferlieners sadanich harren talen sprekke dat de soarch optimaal bean wurde kin.
Oan mantelsoargers en frijwilligers moat rom omtinken jûn wurde.
Der moat nei stribbe wurde yn safolle mooglik doarpen oansprekmooglikheden foar saken oangeande it sosjaal belied foar de bewenners op te setten. Sa moat it gebietstiim yn alle doarpen bekend, sichtber en tagonklik wêze.
It besteande boarterstúnbelied moat fuortset wurde.
De oanlis fan strúnplakken - dy't as doel hawwe om bern út te nûgjen ta aventoerlik boartsjen - moat stimulearre wurde.
Foar de jongerein moat genôch omtinken wêze: de FNP wol foarsjenningen en aktiviteiten fasilitearje.
Ynformaasje en goede foarljochting oan de (jonge) boargers oer de gefaren fan it brûken fan alkohol, drugs en tabak moat ûnderdiel wêze fan in trochtocht previnsjebelied.
Troch sinjalearring en begelieding moat soarge wurde dat boargers net yn 'e skuldeproblematyk bedarje.
De kursussen dy't ProDemos foar basis- en fuortset ûnderwiis jout, moatte in ferfolch krije.
De FNP foar it behâld fan it lânskip
Ynfrastruktuer
By de ynfrastruktuer yn ús gemeente giet it om in tal fan saken lykas ferkear, ferfier, ferkearsfeiligens, natuer- en lânskipbeskerming, grienfoarsjenningen en brêgen.
De FNP is fan betinken dat yn it belied yn alle gefallen omtinken wêze moat foar de ûndersteande punten.
De lânskipsstruktuer yn Tytsjerksteradiel is tige wichtich. Dy moat beskerme wurde en dêr't dat mooglik is yn âlde steat werombrocht wurde (bygelyks dykswâlen).
Gjin grutte frachtskippen (klasse Va) nei en fan Drachten troch Earnewâld.
De gemeente stiet noed foar de ferkearsfeiligens. As soks spilet op provinsjale diken yn ús gemeente dan moat de gemeente by it provinsjebestjoer oanstean op it nimmen fan maatregels.
It besteande fytspadenet moat goed en deeglik ûnderhâlden wurde.
Foar de feiligens foar de fytsers moatte op bepaalde trajekten, neffens rjochtlinen CROW fytspaden oanlein wurde.
Der moat yn ús gemeente omtinken jûn wurde oan agrarysk relatearre ferkear. By skea oan diken moat it útgongspunt wêze dat de fernieler betellet.
De FNP stipet it provinsjale plan om ta in kwaliteitsnetwurk foar it lânbouferkear te kommen.
Der moat belied komme foar genôch parkeargelegenheid yn nij oan te lizzen of te renovearjen wenwiken, mei dêrby omtinken foar in te grutte ferstienning fan it wen- gebiet.
Oan de opset en útfiering fan in takomstbestindige en feilige digitale ynfrastruktuer sil de FNP fan herten meiwurkje.
De oanlis fan in akwadukt yn it PM-kanaal tusken Skûlenboarch en Koatstertille kin de feilichheid fan it farferkear, dat al mar frekwinter wurdt en mei hieltyd gruttere skip- pen plakfynt, op de rûte De Lemmer - Delfsyl fergrutsje.
De aktive boarger fielt him nofliker
Sport, rekreaasje en toerisme
Sport en beweging binne wichtich foar de folkssûnens. De oanwêzigens fan goede sport- en rekreaasjefoarsjenningen is fan grut belang. Yn it gemeentlik belied moat omtinken wêze foar dat soarte fan saken.
De sportfoarsjenningen moatte optimaal brûkt wurde.
De sportfoarsjenningen yn de doarpen moatte safolle mooglik bestean bliuwe. Der moat hiel hoeden omgien wurde mei de konsintraasje dêrfan. It berikken fan in balâns tusken wolwêzen en finansjele helberens is wichtich.
De gemeentlike swimbaden moatte yn stân bliuwe.
Yn ús gemeente hawwe lytsskalige rekreaasjefoarsjenningen de foarkar en de FNP stiet netwurkfoarming op dit mêd foar, lykas dat by "Wetterwâlden Bûtenfjild" (tûk ferbine) bart.
Der moat omtinken jûn wurde oan it befoarderjen fan it kultuertoerisme yn ús gemeente.
Rekreaasjefoarsjenningen kinne allinne mar útwreide wurde as de mienskip, de natuer en it lânskip dat oankinne. Yn dat ramt moat der noed stien wurde foar in sûne wet- terkwaliteit. Yn dat ferbân sille der mear smoarchwetterôfjeftepunten komme moatte.
Der moat omtinken bliuwe foar de âlde en nij oan te lizzen kuierpaden en de ûnderlinge ferbiningen tusken dy paden.
Romte en fasiliteiten foar sportfiskerij.
In goed ûnderhâlden en útnûgjend netwurk fan feilige fytspaden kin bydrage oan aktive rekreaasje,watekjildtfoarwetterwegengeskiktfoarlytsefartugen(kano's, skouwen en supplanken).
By de fergunningferliening foar grutskalige festivals sil - yn oerlis mei omwenjenden - in akseptabele noarm foar lûd, ljocht en ferkear neistribbe wurde moatte. As sa'n aktiviteit krekt bûten de gemeentegrins bygelyks It Griene Stjergebiet tastien wurdt, moat ús gemeentebestjoer by de 'buorlju' ynspraak hân hawwe oer de neamde noarm.
De FNP foar in goed natuer- en miljeubelied
Lânbou, natuer en miljeu
Natuer en miljeu binne wichtige eleminten yn it libben. De grûngedachte is dat de minske him noflik ta wurkjen en wenjen set, wannear't der harmony is tusken mienskip en lânskip. Der sil yn it belied optimale soarch wêze moatte foar de trije eleminten dy't beskiedend binne foar natuer en miljeu, nammentlik: grûn, wetter en lucht. De boer is mei-ûnderhâlder fan ús karakteristike lânskip. De FNP ferset him tsjin it fersmoargjen fan grûn, wetter en lucht. De FNP is fan betinken dat de soarch foar natuer en miljeu he- ge easken stelt oan it beoardieljen fan plannen en it ferlienen fan fergunningen.
In op te stellen 'Duorsumens-agenda' sil allinnich mar goed ta stân komme kinne yn oer- lis mei de ynwenners fan ús gemeente.
De FNP sil alle war dwaan om de kwaliteit fan it lânskip, de stilte, de pleatsen, de karakteristike doarpen en it ferskaat fan ús lânskip te behâlden en te ferbetterjen. It is ús kapitaal!
Yn de ôfrûne riedsperioade is de gemeentlike enerzjyfyzje mei in helber enerzjyplan ta stân kaam. By it wurkjen om enerzjyneutraal te wurden is stipe foar maatregels dy't enerzjy besparje in wichtige earste stap.
Der moat hoeden omgien wurde mei de karakteristike eleminten yn it lânskip, wêrby't bioferskaat syn gerak hawwe moat.
It omtinken foar ús greidefûgels hat by de FNP hege prioriteit.
De FNP wol ta op in wynmûnefrij lânskip, mar respektearret de rjochten fan de eigeners fan besteande wynmûnen.
By it opwekken fan sinne-enerzjy moat alderearst socht wurde nei mooglikheden op de dakken fan besteande gebouwen. Binne dy der net, dan is in goede lânskiplike ynpassing fan in sinnepark needsaaklik.
In punt fan omtinken is it gebiet súdlik fan de Griene Stjer yn relaasje ta de boerebedriuwen. Dus romte foar de boeren en gjin grutskalige rekreaasje.
Lytsskalige bedriuweterreinen moatte hoeden en allinne neffens it ferlet - passend by doarp en lânskip - opset en ynrjochte wurde.
De kritearia fan 'e Omjouwingswet sille foar ús boargers, lânskip, bedriuwichheid, ferkear en rekreaasje sa tapast wurde moatte dat der foar dizze ûnderdielen sa min mooglik skea ûntstiet.
It noed stean foar grûn, wetter, lucht en leefberens moat it útgongspunt wêze yn alle fergunningsprosedueres. Dy prosedueres moatte betrouber en dúdlik wêze. It ferlienen fergunningen moat soarchfâldich, kritysk en mei each foar de hanthaafberens barre.
By it grûnstoffebelied is it stribjen nei in sirkulêre ekonomy ús útgongspunt. foarljochting oer in bettere skieding fan hússmoargens is needsaaklik. Dêrneist moat de fynmeskige struktuer fan 'e âld-papier-aksjes yn de doarpen net oantaast wurde.
De FNP stipet ynnovaasje op it mêd fan duorsumens.
Yn it agrarysk fermidden kieze wy foar grûnbûne lânbou en sa mooglik biologyske lânbou mei de klam op fergrutting fan it bioferskaat.
Projekten dy't duorsume mobiliteit stimulearje, lykas it tapassen fan elektrysk ferfier, hawwe ús sympaty en stipe.
It oantaasten fan 'e boaiem troch boarjen en grûnwetterpeilferleging kin rekkenje op tsjinstân fan 'e FNP. Dat jildt ek foar in útwreiding fan 'e gaswinning en it kommen ta skalygaswinning.
De opslach fan ôffal út kearnsintrales yn ús boaiem moat net tastien wurde.
Bedriuwichheid en tsjinstferliening kinne inoar fersterkje Ekonomy/wurkgelegenheid
De FNP is fan betinken dat der by it stribjen nei mear wurkgelegenheid yn ús gemeente noch wol wat te winnen is. It kreëarjen fan wurk sil benammen socht wurde moatte yn middelgrutte en lytsskalige bedriuwen én yn de tsjinstferliening en de soarch. Om de MKB-freonlikens fan hjoed-de-dei yn stân te hâlden sil it sosjaal ûndernimmen ekstra omtinken krije moatte. In effektive digitale ynfrastruktuer is dêrby ûnmisber.
De âlde bedriuwe- en yndustryterreinen moatte as earste opwurdearre wurde foar- ôfgeande oan it opsetten fan nije.
Wêr nedich moatte lytsskalige bedriuwsterreinen opset wurde kinne. De mooglikheid fan wenjen op sokke terreinen slút de FNP net út.
It kreëarjen fan sammelgebouwen is tige wichtich foar begjinnende ûndernimmers en moat stimulearre wurde en dat kin, sa mooglik, ek yn leechsteande bedriuwspânen.
By útwreiding fan it bedriuweterrein Skûlenboarch/Westkern moatte de mooglikheden foar wetterbûne bedriuwen fergrutte wurde omdat it oan in Va-farrûte leit. In goede gearwurking mei Achtkarspelen is hjir beskiedend en in goed lykwicht tusken bouwerij en lânskipsbehâld needsaaklik.
By ferlet kin ek it bedriuweterrein Garyp-Noard ûntwikkele wurde.
It gemeentlik ynkeap- en oanbestegingsbelied moat goed omtinken jaan oan lokale en provinsjale ûndernimmingen.
Frijkommende pleatsen yn it bûtengebiet kinne as bedriuwsgebou brûkt wurde foar nije lytsskalige en skjinne bedriuwen, as de ynfrastruktuer it talit.
Karakteristike pânen moatte hoede en noede wurde. Dêrmei wurdt wurkgelegenheid mooglik makke, it oansjoch ferbettere en it wengenot ferhege.
De FNP is foar in betelber belied
Jildsaken
De FNP stiet foar in solide finansjeel belied. Mei it each op de finansjele situaasje is in krityske hâlding nei de regelingen oangeande it te ûntfangen ryksjild fan grut belang.
It lânsregear hantearret it automatisme dat nei de gemeenten oerdroegen taken dêr ek goedkeaper útfierd wurde kinne. Dat stânpunt bestriid de FNP. As it finansjeel belied fan ús gemeente basearre wêze moat op it prinsipe dat de ryksútkearing taakstellend is, dan moatte der swierweagjende karren makke wurde. Dêr wol de FNP net yn meigean.
Wy stean in ferantwurde lykwicht yn 'e ynkomsten en útjeften foar. Dêrneist moatte de gemeentlike útjeften en ynkomsten ynsichtlik en kontrolearber wêze.
De gemeente moat hiel kritysk omgean mei it ynhieren fan eksterne saakkundigens. It fleksibel ynsetten fan it hiele eigen personiel motivearret en hat de foarkar. It wurket stimulearjend en kostebesparjend en toant lef fan de organisaasje.
De gemeente docht allinne mei oan provinsjale- en boppegemeentlike projekten as de finansiering by alle belutsen partijen dúdlik regele is.
Troch in ferantwurde en doelmjittich omgean mei de finânsjes kin de Algemiene Reserve en it Wjerstânsfermogen fan de gemeente op peil bliuwe en bliuwt de beles- tingdruk foar de boarger akseptabel.
Ekstra ferheging fan de gemeentlike lêsten - boppe de ynflaasjekorreksje - moat mei hoedenens besjoen wurde.