Literêr-histoaryske bustocht troch Tytsjerksteradiel

 

Op sneon 23 maaie wurdt in literêr-histoaryske bustocht holden troch de doarpen fan Tytsjerksteradiel.

Underweis wurdt ferwiisd nei plakken dêr't skriuwers of dichters wenje of wenne hawwe of dêr't boeken harren ôfspylje.

Fierder komme der ek nijsgjirrige literêr-histoaryske eleminten op it aljemint.

 

Jan Jongsma fan Burgum hat de lieding fan de tocht.

Dy wurdt holden op sneon 23 maaie de middeis fan ienen oant seizen.

Begjin- en einpunt is it gemeentehûs yn Burgum.

Underweis wurdt efkes yn Aldtsjerk oanstutsen.

 

De tocht is in inisjatyf fan de Wurkgroep Taal fan de FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel. Elkenien is fan herten wolkom.

 

De kosten binne € 12,50 de man/frou. Dêr sitte de kosten fan twa kopkes kofje of tee yn Aldtsjerk by yn.

 

Opjefte foar 1 maaie by: Jan Jongsma, tillefoan (0511) 46 38 69 of

Gerryt Jullens, tillefoan (058) 256 16 24.



2023 FNP Fryslân - Disclaimer