Freddy de Haan út Burgum de nije listlûker

Freddy de Haan út Burgum de nije listlûker foar de FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel

Kandidaten 2022

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Freedtemiddei – 3 desimber 2021 – hawwe de leden fan de FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel yn in algemiene ledegearkomste yn It Maskelyn yn Hurdegaryp – ûndersteande kandidatelist foar de gemeenteriedsferkiezingen fan woansdei 16 maart 2022 fêststeld.

Freddy de Haan is al 8 jier in entûsjast riedslid dy’t midden yn ’e mienskip stiet en maklik tagonklik is foar alle ynwenners fan ús gemeente. De leden fan de FNP hawwe alle betrouwen yn Freddy as listlûker foar in kampanje mei in soad sukses by de kommende ferkiezingen. De kommende riedsperioade sil Freddy ek iepen stean foar alle fragen en ideeën om sa foar de minsken in waarme ferbining te meitsjen mei it riedswurk. De ôfdieling is ek grutsk op de hiele kandidatelist mei in goede ferdieling oer alle doarpen. De hjoeddeistige riedsleden steane heech op ’e list en hawwe in soad ûnderfining yn it riedswurk en litte wiere maatskiplike belutsenens sjen.

Kandidatelist FNP-Tytsjerksteradiel foar de gemeenteriedsferkiezingen fan 16 maart 2022.

1 (Listlûker) Haan de, Freddy Burgum
2 Krijgsman-Sikkema, Tjikke R. Gytsjerk
3 Velde van der, Jan Pieter Ryptsjerk
4 Nijboer, Alex Sumarreheide
5 Soepboer, Emmie Burgum
6 Rintjema, Nynke H. Burgum
7 Vries de, Wouter Noardburgum
8 Buma, Tjerk M. Garyp
9 Wester-Koopmans, Anje Earnewâld
10 Borkulo van, Harry J. Hurdegaryp
11 Postma, Wijbe Kl. Eastermar
12 Brinkman, Seije H. Jistrum
13 Westra-van Gorkum, Tea A. Aldtsjerk
14 Meulen-van der Wal van der, Sita Hurdegaryp
15 Wagenaar-Duursma Rena A. Tytsjerk
16 Herrema, Piet J. Sumar
17 Kooi van der, Jan Ryptsjerk
19 Liemburg, Tette Aldtsjerk
20 Veen van der, Miriam Sumar
21 Dijk, Rommert Burgum
22 Schippers, Geerling H. Burgum
23 Wilstra, Evert Burgum
 
Sjoch ek ACTIEFONLINE.NL



2023 FNP Fryslân - Disclaimer