Freddy de Haan de nije fraksjefoarsitter

FNP-riedslid yn Tytsjerksteradiel, Freddy de Haan, nimt mei yngong fan 1 oktober tydlik it fraksjefoarsitterskip fan de FNP yn Tytsjerksteradiel oer.

De hjoeddeiske fraksjefoarsitter Piet Reitsma leit de funksje del, omdat hy nei 12 jier ophâlde sil as riedslid. Hy is net wer ferkiesber yn 2022.


Yn maaie fan dit jier hat hjiroer yntern fraksje-oerlis west en fan de fjouwer oare FNP-riedsleden stelde de Haan him kandidaat as fraksjelieder. De hiele fraksje stipe dizze kandidatuer en sadwaande sil de Burgumer it lêste healjier de fraksje foarsitte.

De Haan is dwaande mei syn twadde riedsperioade, wylst er dêrfoar al meidraaide yn ‘e stipefraksje. Ek wie er foarsitter fan de FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel. Hy is kontaktpersoan foar de doarpen Earnewâld, Jistrum, Sumar en Noardburgum.

Neffens Reitsma is it foarsitterskip hiel moai wurk en hy hat alle betrouwen yn syn opfolger. 

 

Freddy de Haan                  Piet Reitsma            

2014Freddy200

Piet lyts2

 

 

 

 

 

 

 



2021 FNP Fryslân - Disclaimer