De jierrekken en de kadernota binne kommendewei

Krektlyk as oare jierren komme der wer drokke wiken oan. Foar de fakânsje moat der noch hiel wat regele wurde.

Yn juny en july binne der twa riedsgearkomsten achter elkoar op 3 en 10 juny en op 1 en 8 july. De lêste is eins de wichtichste fan it jier: de Kadernota. Dan wurde de piketpealtsjes útset foar 2022. Wat wolle en kinne wy yn de begrutting fan 2022 sette? As wy dêr út binne wurde de winsken yn de begrutting ferwurke en yn novimber wurdt der in klap op jûn.

Dat is sa maklik noch net. It jild is sa as altiten mar ien kear út te jaan en oer it hoe wurdt ferskillend tocht. Hooplik sil it regear wat oer de brêge komme want oars falle der in soad gemeenten om. 

Koart kriemd, it wurdt noch in spannende tiid. 



2021 FNP Fryslân - Disclaimer