De FCJT organisearret foar de jongerein ‘dochmiddeis' en jongereinjûnen foar bern mei bepaalde aktuele tema's, se dogge dat yn nauwe gearwurking mei de gemeente en oare ynstellingen. Koartlyn hat de FCJT har ek ynset foar fûnswinnen foar de itensbank yn Tytsjerksteradiel.
Jild is nedich foar al dizze aktiviteiten. De fraksje fan 'e FNP set it krystkado jierliks om yn jild en dat wurdt dan skonken oan in organisaasje dy't op dat stuit wat ekstra oandacht en jild brûke kin.
Foar mear ynformaasje oer de FCJT ferwize wy jo nei de harren webside: FCJT.NL