De KADERNOTA

It is wenst dat de fraksje troch in ferklearring fan de foarsitter in rjochting oanjout foar de kadernota en dêrmei foar de kommende begrutting. Dit jier net oars, allinne waard ferwachte dat elke fraksje oanjoech wêr as sy tinke dat der besunige wurde kin.
No mar ôfwachtsje as it kolleezje der brij fan meitsje kin....


"De fraksje as wurknimmers fan de HEMA??? " (Piet Reitsma)

Foarsitter, kolleezje, leden fan de ried, amtners, harkers en sjoggers,

 

Hjir binne we wer. De kadernota leit foar en dan meie de foarsitters in ferklearring ôfjaan en dy is dit jier net posityf en dan sis ik it noch foarsichtich!


De FNP fraksje fielt harren as de wurknimmers fan de HEMA. Dy moatte de klanten altyd behelpsum, advisearjend en freonlik yn ‘e mjitte komme. De HEMA moat wol omset draaie en winst meitsje! De klanten wurdearje dat tige. 

En dán komt it hedgefûns.... Dy sûget de hiele ûndernimming leech en lit, as se de kâns dêrta krije, de hiele saak fallyt gean!


De riedsleden fan de FNP fraksje fiele dat ek sa. Alle dagen freonlik nei ús ynwenners ta wêze, it bêste mei harren foar ha, harren ynsprekke en meiprate litte, koart kriemd service biede dus. 

En dán komt it regear.... mei opdrachten wêrtroch ús gemeente útrûpele wurdt. Wy moatte, as foarbyld, foar miljonêrs it hús himmelje foar €19,00 yn ‘e moanne. Dat kostet ús klauwen mei jild. As wy net yngripe giet Tytsjerksteradiel fallyt, yn gemeentlike termen wurdt men dan in art. 12 gemeente en komt men ûnder it tafersjoch fan de provinsje. 
En... dát yngripen docht sear.

 

Foar ús leit de kadernota 2020. Dy is wat oars as oare jierren. It kolleezje wol graach fan de ried in rjochting meikrije wêr't en hoefolle op besunige wurde kin of ekstra ynkomsten te heljen binne. De FNP hat in pear útgongspunten.

- Helje it grutste part wêr't it tekoart ûntstien is: it sosjale domein.

- Lit de reserve sa as ôfpraat net ûnder de 10 milj. komme. Ik sitearje de ôfspraak:
"Het binnen een nieuwe Kaderperiode optreden van een daling van de algemene reserve tot onder het minimumniveau geldt als niet aanvaardbaar. Dit betekent dat maatregelen om het minimumniveau te kunnen blijven garanderen vroegtijdig ter besluitvorming aan de raad worden voorgelegd." Ein fan it sitaat.

- Sealje ús opfolgers, de nije ried yn 2022, net mei in tekoart op
- Fusearje net, mar evt. is der noch wat mooglik yn de hjoeddeistige gearwurking


Der binne fiif ombûgingslinen útset.

It sosjale domein, romte, behear, ynkomsten en gearwurking.

Ik gean se efkes by del:


Ombûgingsline 1:
It sosjale domein is eins de grutte feroarsaker fan it tekoart. De FNP is dan ek fan miening dat it grutste part hjir fûn wurde moat. Dat sil sear dwaan mar wy kinne de eagen der net foar slute. Wy fine ek dat men grinzen opsykje mei en der miskien wat oer hinne gean kin.

Gebiedstiims soene mei minder taken ta kinne 

Men sil ek nei it ûnderwiis, eveneminten en mienskips inisjativen sjen moatte.

De FNP soe it earmoede belied sparje wolle. De rest fan de foarstellen binne besprekber. Op jild setten €1.900.000 ombûge yn 2021

Ombûgingsline 2:
Wat de FNP oanbelanget soe it Romtlike domein, EZ, rekreaasje en feiligens wol wat minder kinne. It measte sit ek yn de regiodeal dêr't wy in soad oan bydrage.

Foaral yn it beheinen fan it needsaaklike en minimalisaasje fan de tsjinstferliening rjochting de boarger sil jild fûn wurde moatte. De FUMO en de VRF binne de opfretters yn dit gehiel. Yn alle gemeenten spilet it probleem fan de mienskiplike regelingen en der is mei gjin spjelde tusken te kommen. Wy soenen it graach ûndersocht ha hoe as ien en oar dochs goedkeaper kin. Op jild setten € 350.000 ombûge yn 2021.


Ombûgingsline 3:

Op it ûnderdiel behear sjogge wy net safolle mooglikheden. Undersyk nei de sport tariven en sintralisaasje hjirfan soe in mooglikheid wêze kinne. Wat de ôffalsamling oangiet stiet de heffing al op 100% en soe in besparring neat úthelje allinne mar fersobering fan de service. Op jild setten € 225.000 ombûge yn 2021.

 

Ombûgingsline 4:

By it fergrutsjen fan de ynkomsten tinke wy net yn oan in ferheging fan de Unreplik Saak Belesting boppe de ynflaasje korreksje. Wol soenen wy de BTW yn rekken bringe wolle by de rioel- en ôffalstoffeheffing. Wy binne net foar betelle parkeare en de neamde prekarioheffings. 
Wol soe de FNP de ynfiering fan in Forinse belesting ûndersykje wolle. Dat betsjut dat de eigners fan rekreaasjewenten yn Tytsjerksteradiel, dy't troch de jierren hinne aardich djoerder wurden binne, in heffing betelje. Oare gemeenten heffe dat al jierren.

Fierder stelt de FNP foar de oandielen fan de Bank Nederlandse Gemeenten te ferkeapjen. De opbringsten binne meager en troch de lege boekwearde kin de reserve posysje miskien wol mei mear as 4 miljoen opkrikt wurde. Mei de oandielen Vitens en Omrin ha wy mear omdat wy dêr as gemeente faker mei te krijen ha. De BNG stiet folle fierder fan ús ôf.

It antwurd op de fraach of de ferheging fan de toeristebelesting yn 2021 al ferhege wurde moat jouwe wy hjir alfêst en dat antwurd is ja, dat wolle wy. Op jild setten mear ynkomsten € 400.000 yn 2021, bûten de ferkeap fan oandielen. 

 

Ombûgingsline 5:

De FNP sjocht alle trije foarstellen as in opmaat nei in fúzje en sille dy net stypje. Wy binne tsjin in fúzje en sjogge in gemeente fan Bartlehiem oant Gerkeskleaster net sitten. Wy ferlieze ús werkénberens, morele legitimaasje  en draachflak troch skaalfergrutting. Lytsskaligens, en sa lyts binne wy net, is ús besteansrjocht en wy moatte ophâlde mei dizze doelleaze skaalfergrutting. Tiisdei waarden der ek al fraachtekens yn de Fryske Marren by pleatst. Op jild setten nul euro.

 

Ombûgingsline 6:

Dêrom hat de FNP noch in ombûgingsline 6. Wy tinke dat der sûnder in fúzje en troch it proses te optimalisearjen, noch wol wat te besunigjen falt yn de wurkmaatskippij. Op jild setten € 350.000 yn 2021.

 

Dit is sa yn grutte halen hoe as de FNP omgean wol mei de sinteraasjes fan ús gemeente. Sa komme wy yn 2022 e.f. wer in bytsje posityf út, as der mar mei de koroana gjin bonke yn komt....
It is en bliuwt in prekêre saak. € 3,5 miljoen besunigje is gjin sinekuere en sil goed trochtocht ta in foarstel brocht wurde moatte. De FNP fraksje sjocht graach dat der mear yn byld brocht wurdt as allinne dizze 3,5 miljoen. De ried moat noch wol wat te kiezen ha.

 

Dan noch efkes wat oer de Tuskentiid, de balâns op de helte fan dizze koalysjeperioade. It is in werjefte fan wat al berikt is en wat as der noch oan sit te kommen. Posityf is dat yn it earste diel fan it útfieringsprogram de griene kleur de boppetoan fiert. Yn in net maklike omjouwing is dit in komplimint wurdich. Wat de kommende oardel jier oangiet sil de útdaging hiel grut wurde. Jildpine en koroana sille harren werslach op de útsette doelen ha. It doel in oantreklike, duorsume wengemeente te wêzen, mei in sûn Frysk mienskipslibben is tige wichtich. As dizze koalysje mei help fan de opposysje dat foar eagen hâldt moat it goed komme. 


Foarsitter, mei de HEMA komt it nei alle gedachten ek goed no it hedgefûns de skulden aardich nei ûnderen bysteld hat. Hjoed wurdt der troch de gemeenten aksje fierd yn De Haach en dêr wurde ek twa kollaazjes fan de riedsleden yn Tytsjerksteradiel toand. Hooplik komt ús regear ta ynsjoch dat de gemeenteried, it orgaan dat it tichtste by de boarger stiet, sa net wurkje kin. Mei wol opdrachten te jaan mar it jild yn de bûse hâlde, kinne wy de ynwenners net mear sjen litte dat wy it bêste mei harren foar ha! 
En dat wolle wy wol gráách!

 

Tankewol.

 



2020 FNP Fryslân - Disclaimer