Ferklearring by de jierrekken 2019

Op 2 july is de jierrekken 2019 fêststeld. Fraksjefoarsitter Piet Reitsma hat it neikommende nei foaren brocht.

Foarsitter,

 

Dizze jierrekken stiet de FNP oan. As wy de prekariobelesting net mei rekkenje is it ferwachte tekoart sa'n 1 miljoen minder wurden. It measte komt troch in better personiels belied, mear de hân op ‘e knip hâlde. 

En dan fansels it winnen fan it pleit oer de prekariobelesting. Dat jout de reserve in boost en dat sille wy nedich ha de kommende jierren. De akkountant is helder: in goedkarrende kontrôleferklearring by de jierrekken 2019 foar sawol getrouwens as foar rjochtmittigens.

En dêr is de FNP fraksje mei ynnaam!

Der binne foarderingen makke wat de kontrôle oangiet. Sa binne de, binnen de marge tastiene, ferskillen aardich leger as foargeande jierren. Dat skriuwt de akkountant ek: 

"Daarnaast concluderen wij dat uw gemeente continue werkt om de interne beheersing nog verder te optimaliseren. Dit blijkt concreet uit het daadwerkelijk oplossen van diverse bevindingen vanuit de managementletters 2018 en 2019 alsmede het accountantsverslag 2018, maar ook vanuit het kritisch blijven analyseren van de bestaande processen en procedures." En
"De gerapporteerde onderwerpen in de managementletter met betrekking tot de jaarrekening 2019 zijn voortvarend opgepakt en in onderling overleg afgewikkeld."

 

Fansels binne der ek oandachtspunten sa as de IT, de Verbijzondere Interne Controls (VIC) en ferantwurdlikens om de P&C syklus hinne. Mar der moat ek wat te winskjen oerbliuwe.

 

De FNP fraksje giet akkoart mei de besluten 1, 2, 3, en 4.

 

Tankewol 



2020 FNP Fryslân - Disclaimer