Oerlis in tsjerke....

Yn dizze koroanatiid is it digitaal oerlis 'normaal' oan it wurden. Us fraksje woe dochs wol graach de kadernota oereidzje yn in setting dêr't men elkoar moetsje kin.

"Oerlis yn tsjerke...." (Piet Reitsma)

Dat waard regele yn in moaie âlde tsjerke. Mear as sân ieuwen in plak fan moeting. It joech dochs wol in aparte sfear.... 
De leden fan de fraksje en har wethâlder sieten moai oardel meter fan elkoar en hawwe drok oan it wurk west en waarden foar it ynwendige ek hiel goed fersoarge! 
Der moatte hiel wat yngreven maatregels naam wurde no't der grutte tekoarten oankomme. In kar meitsje is net sa maklik. Wy binne der dan ek noch net út en sille mear ynformaasje en gearkomsten nedich ha om op 2 july mei goeie foarstellen te kommen.
Mar oan it plak fan gearkommen sil it perfoarst net lizze....
 
(Tjikke Krijgsman wie der ek by mar hat de foto makke....) 
Kollzje2


2020 FNP Fryslân - Disclaimer