Op wurkbesite by soarchpleats De Wurkmakker

Omdat de fraksje no yn de jildkrapte fan it sosjale domein ek it deistige wurk ris tichterby meimeitsje wol, hat de fraksje mei bestjoerslid Emmie Soepboer in besite brocht oan De Wurkmakker yn Burgum. Riedslid Alex Nijboer koe net.

""It giet om de minsken!"" (Sytske Bouius)

Oan de Simmerdyk wiene wy tige wolkom om earst ûnder it genot fan kofje en koeke oer it wurk en it bedriuw te praten mei Ronald Holtewes en Sytske Bouius. It waard in hiel libbendich petear mei in soad fragen fan de besikers en mei ferhelderjende útlis troch de útbaters. Der komt nochal wat by deiopfang te sjen fan minsken tusken de 18 en 82 jier! Men is tige optein oer de doarpeteems, tenei gebiedsteems, en oer de meiwurking fan ús gemeente.

Yn de rûnlieding waard dúdlik wat as der dien wurdt op in soarchpleats. Foaral de hynders binne wichtich mar der wurdt ek wurke mei hout, wol, bier (wurdt ferpakt!) en treinen. De túnderij wurdt eksploitearre en de fruitbeammen bloeie al moai! Dat belooft wat foar de takomst fan dit bedriuw, dêr't 3,5 fte wurksum is. Mear ynfo op wurkmakker.nl

2019 05 04 09 57 04

2019 05 04 09 58 38
2019 05 04 11 10 48

 
2019 05 04 11 10 56
 
2019 05 04 11 35 19
 
 
2019 05 04 11 36 13
 
 

2019 05 04 11 37 33 2019 05 04 11 38 02
 
 
 
2019 05 04 11 41 13
 

 

 

2019 05 04 11 41 51

 

2019 05 04 11 41 06
 


2019 FNP Fryslân - Disclaimer