Sport yn Tytsjerksteradiel kin 40 jier foarút

Yn oktober 2017 is sporthal Westermar ôfbrând. Nei't alle restanten fan de brân oprêden wiene moast der in beslút komme oer; hoe no fierder.

"Tytsjerksteradiel kin 40 jier foarút!" (Alex Nijboer)

Moast de âlde hal wer opboud wurde of moatte we in hiele oare kant út mei de sportakkommodaasje yn Burgum. In ploegje saakkundigen hat de koppen byinoar stutsen en by it kolleezje oanjûn dat hja graach meitinke wolle oer de nije sporthal.
Yn 'e mande mei de amtners, kolleezje en de sportklups hawwe hja in skitterjend plan presintearren. De ried is by ferskate ynformaasjegearkomsten útnûge en koe dêrtroch in hiel goed byld foarmje. No wie de kar oan de ried.
It nije plan kostet in hiel soad jild. Krapoan 10 miljoen euro. De FNP fynt dat ek in hiel soad. Mar sjoch wat der foar weromkomt. In moai en kompakt sportpark! De kantine yn de foarige sporthal wie net altyd iepen om't de omset net genôch wie om fan te bestean. De fuotbalklup (wêrfan't de namme - FC Burgum - no bekend is) wol 8 ton ynbringe yn de nije hal en wolle dêrfoar de kantine yn behear krije foar in perioade fan 20 jier. De beide besteande fuotbalkantinen sille dan sletten wurde en te keap oanbean.
As fraksje hawwe we alle plannen besjoen en kinne net oars sizze as dat der in machtich stik wurk fersetten is en der in prachtich sportpark ûntwikkele wurdt. Wat de iepeningstiden fan de kantine oanbelanget sil der noch wat barre moatte om gjin falske konkurrinsje mei de hoareka yn Burgum te krijen. Wy hawwe oanjûn dat in mooglik op te rjochtsjen stichting hjir in hoarekafergunning foar oanfreegje kin en de sportkantine dan as sportkafee de tsjinsten oppakke kin.
Wy binne tige ynnommen mei dit sportpark en hawwe ús der dan ek foar ynset om dit ta stân te bringen.
Tytsjerksteradiel kin 40 jier foarút.

Alex Nijboer

Schermafbeelding 2019 04 22 om 15 08 40


2019 FNP Fryslân - Disclaimer