Fan de fraksjefoarsitter

Nei de grutte negative resultaten yn de jierrekken 2017 stiet it der no net better foar mei de foarriedige sifers oer 2018.

"Soks hat gewoan tiid nedich om ta waaksdom te kommen." (Piet Reitsma)

It kolleezje hat de ried witte litten dat it tekoart noch heger wurdt as begrutte wie. Dat binne gjin noflike berjochten. De pine sit him foaral yn it sosjale domein. No yn alle trije komponinten, WMO, jeugdsoarch en partisipaasje. Wie it earst sa dat der jild by de WMO oerbleau, no binne dêr ek grutte tekoarten. Der sil echt wat oan dien wurde moatte, wy kinne sa net langer trochgean. Der hawwe al twa gearkomsten west dêr't mei alle partisipanten yn it sosjale domein oerlein is wêr't besunige wurde kin. It komt allinne mei in personiele ynkrimping net klear. Der sille ek oare saken oanpakt wurde moatte. En dat kin sear dwaan. De FNP hat altiten de sosjale komponint heech yn it findel hân, mar ús fraksje is ek fan miening dat it sifer njoggen (= de wurdearring foar ús sosjaal belied) net mear helber is. Dat sifer sil nei alle ge- dachten nei ûnderen bysteld wurde moatte. It is simpelwei net mear te beteljen. Hoe't dat útpakke sil, is no noch net dúdlik.
 
Mei sin haw ik de jildpine boppe-oan set. Us nije wethâlder - Tytsy Willemsma - is 28 febrewaris útein set en krige daliks de folle laach oer har hinne. De wethâlder finânsjes moat der mei rêde is de algemiene gedachte mar dat giet net samar. Neffens ús moat hja alle stipe krije fan de koälysje omdat de opposysje fansels bloed rûkt. Net dat dy opposysje frijút giet mar sa giet it no ienris yn ús politike bestel.

Dan is de wentebou yn ús gemeente ek in 'hot item'. No't ik dit skriuw stiet de wenfyzje op de wurklist fan de ried. De Warren hat dêryn in prominint plak. Foaral de keppeling oan De Warren fan 150 ekstra wenten stiet de FNP-fraksje net oan. Dy moatte neffens ús yn Burgum boud wurde, dêr is noch plak genôch.

En der binne fansels ek de 'gewoane' saken dêr't oer kediist wurdt. Lykas in feroaring fan bestimmingsplannen foar (leechsteande) pleatsen of winkels. Dan komme der noch grutte beliedsplannen oan lykas it grûnstoffebelied of it alkohol en drugs belied.
Wurk genôch!

Posityf is dat yn de fraksje goed gearwurke wurdt. Troch it bestjoer binne der funksjonearringspetearen holden. Dêrby waard ús in spegel foarholden en dat is goed op syn tiid. We kinne inoar yn de koälysje ek goed fine. Der ûntsteane fansels wolris wat ronfeltsjes, mar dy wurde faak troch goed oerlis glêdstrutsen. It earste jier fan de fjouwer is foarby en nei myn beskieden miening binne we wol tichter byinoar kommen. It wie somtiden net maklik mar dat haw ik de foarige kear al beskreaun. Dat hie sa syn oarsaken: 15 fan de 23 riedsleden binne nij, in folslein nij kolleezje, nije minsken op 'e griffy en in nije algemien direkteur/gemeentesekretaris. Soks hat gewoan syn tiid nedich om ta waaksdom te kommen.
Neffens my sitte wy op de goeie wei.

Piet Reitsma.

Tiim1


2019 FNP Fryslân - Disclaimer