Fraksje krijt training

5 W 's & 1 H

 

Wa Wat Wêr Wannear Wêrom Hoe Wa: mei de hiele fraksje en ús boargerlid

Wat: Presentaasje- en mediatraining

Wêr: gewoan op it gemeentehûs

Wannear: Op #Fryskefreed (9 desimber)

Wêrom: Teambuilding en presentaasje. 

Hoe: Elkenien 3 presintaasjes tariede

 

- Mei eat dat wichtich is yn dyn libben (of wat in kearpunt west hat yn dyn libben)

- Wêrom FNP? 

- In aktueel ûnderwerp út dyn eigen portefúlje (en dat waard opnommen troch tmf in echt ynterview). Goeie en yndrukwekkende ferhalen oer ús priveelibben om sa ek elkoar better kennen te learen. Want it wurk fan in riedslid betsjut dat je in soad tiid mei-inoar trochbringe. De reden om te kiezen foar de FNP is ferskaat en ek wer hiel ticht byinoar. Federalisme, kultuer, natuer, regionale (provinsjale) partij of taal enzv. Aktuele ûnderwerpen foar de kamera wiene: Enerzjyearmoed, Provinsjale Steaten, Ferkear, Stikstof, APV en de Hûskes. Foar elkenien wie de earste omgong better as de twadde want dan probearest de tips ta te passen wat dan wer ta skea giet fan de ynhâld. Mar dat is dan wer goed foar in pear hilaryske mominten (en dan mar hoopje dat, dat net nei bûten komt).

 

Betanke @RoelofLousma foar dyn unike media - en presintaasjetraining.

🎤Wy sille om ús hannen tinke en fragen stelle oan de sjoernalist (hiel wichtich binne wy efterkommen).

Betanke @RamonHoogerhuis foar dyn kamerawurk 🎥en dyn tips dêr 't wy om tinke kinne. Lins op 👁️eachhichte.    



2023 FNP Fryslân - Disclaimer