Wethâlder Willemsma ynstallearre

Op tongersdei 28 febrewaris is mefrou Tytsy Willemsma ynsward as wethâlder fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

Neidat Rommert Dijk te kennen jûn hat dat de jas fan wethâlder him net past en ôfskied naam hat as wethâlder, is de FNP Tytsjerksteradiel op syk gien nei in ferfanger. Dy is fûn yn de persoan fan Tytsy Willemsma út Boarnwird. Sy hat 7 jier ûnderfining as wethâlder fan de eardere gemeente Dongeradiel en hat dêrnei 7 jier wurke as 'lobbyist' fan it gearwurkingsferbân Noard Nederlân (SNN) yn Brussel.

De FNP fraksje sjocht út nei de gearwurking en winsket har in hiele goeie tiid ta yn ûs fermidden.

Hjirûnder in foto mei boargemaster en wethâlder en ien mei de nije wethâlder en de FNP fraksje.

Boarg Tytsyjpg

Fraksje weth



2019 FNP Fryslân - Disclaimer