Rommert Dijk nimt ôfskied as wethâlder

Tongersdei 24 jannewaris hat wethâlder Dijk ôfskied fan de ried naam.

"Dizze jas past my net!"

Earst hat er de koalysje ûnderhannelingen mei fierd en doe der in koalysjeakkoart wie hat de FNP him as wethâlder nei foaren skood. De ried hat dat bekrêftige.

Mei grutte ynset hat Rommert de portefúljes oppakt. Hy hat him tige ynlêzen en wie aktyf! Mar geandewei die bliken dat it dochs net it wurk wie dat er der fan ferwachte. "Dizze jas past my net" Hy hat de konklúzje lutsen dat er der mei ophâldt.

Yn de wurden hie de boargemaster by syn ôfskied lof foar syn krewearjen en noch mear wurdearring foar de moed om it beslút te nimmen om der mei op te hâlden.

De FNP tanket Rommert foar alles wat as er foar de FNP en de gemeente út de wei setten hat en winsket him foar de takomst alle goeds en sûnens ta!

Ofskied Rommert

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer