Logo FNP

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

Ferklearring fan de fraksjefoarsitter

Yn de begruttingsbehanneling krije alle fraksjefoarsitters 5 minuten de tiid om in ferklearring ôf te lizzen.
Dit hat Piet Reitsma út namme fan de fraksje nei foaren brocht:

 

 

Jûn achte sjoggers en harkers, gasten, amtners, boade(n), riedsleden, griffy en foarsitter.

 

Der rûnen ris yn it midden fan de woestyn twa katten, seit de iene kat tsjin de oare: Wat in bak net?


Foarsitter, sa rom soppet it net mear mei de finânsjes yn Tytsjerksteradiel! Nee, de Ljouwerter Krante neamde it sels in primeur: Grutte tekoarten yn ús gemeente yn it sosjale domein. Fanwegen it oer it sket smiten fan de trije transysjes troch De Haach en dan ek nochris mei 20% koarting, - yn ús fraksje freegje wy ús ôf wêr't de sosjale komponint yn dizze Ryksaksje sit... -is ús gemeente yn de problemen kaam. As men de begrutting fan programma 6 trochnimt falt foaral de ûndúdlikens op. Yn hast alle alinea's stean teksten lykas: "de finansjele effekten binne ûndúdlikbinne der wol finansjele middels genôch?, finansjele risiko's op ekstra kosten, soargen foar hegere kosten" en gean sa mar troch. Skrale treast is dat álle gemeenten dêrmei sitte. 

Posityf is dat de soarch tichter by de minsken kaam is en dat der dêrtroch mear sinjalearre wurdt en men alerter aktearje kin. Dat komt ús ynwenner t'en goede! De wurdearringssifers binne dan ek tige heech.


Mar wat kinne wy oan dizze tekoarten dwaan? Der is in ferbetterplan makke dy't wy hjoed beprate sille. Neffens de FNP sil der yn it foarste plak lykwicht fûn wurde moatte yn de personiele besetting. Der hat nochal wat útwreiding fan personiel en ynhier fan tredden west. It earste is akkordearre troch de ried mar dat barde faak yn in bestjoersrapportaazje wat neffens myn fraksje gjin skjintmepriis fertsjinnet. Ik wit it, der binne alderhande arguminten lykas sykte, gjin goed personiel fine kinne en gjin bânbreedte mear yn ‘e besetting, mar dat docht der neat oan ôf dat de ynhier de spuigatten útrûn is. Gelokkich wurdt dit manko ek as punt yn it ferbetterplan neamd en sil men personielskosten en formaasje boargje.


In oar punt  dat ús opfoel is dat men by it maatskiplik fêstgoed, side 17, dúdlik rekken hâldt mei de demografyske en maatskiplike ûntwikkelingen. Wy rinne no al finansjele risiko's..... Apart dat it kolleezje hjir wol rekken hâldt mei de demografyske sifers en net by de wentebou! 


As lêste punt wol de FNP fraksje noch oandacht freegje foar wat as wy ek al earder ynbrocht ha. It giet om it griene en it miljeu. Wêr sette wy ús mear foar yn? Hege beammen, in grien Tytsjerksteradiel of de beammen der ôf en sinnepanielen op it dak foar griene stroom? It sil grif wer oan de oarder komme.

 

Foarsitter, sa as dy twa katten yn de woestyn sille wy as ried, mar ek it kolleezje en de organisaasje each ha moatte foar ús omjouwing. En de kânsen gripe moatte om alles yn ‘e finansjele stringen te hâlden om sa de goeie soarch te garandearjen en alles wer des ‘Tytsjerksteradiels' te meitsjen. Mei oare wurden: Sosjaal, Grien, Frysk en finansjeel sûn!

 

Tankewol. 

 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)