Afûk-kursus

Op 24 oktober set de Afûk-kursus SkriuwmarFrysk-module 1 útein.

De kursus bestiet út 10 lessen fan elk 2 oeren. Yn prinsipe is der alle woansdeitejûnen fan 19.30 oant 21.30 oere les.


Troch de feestdagen sil de lêste les op 16 jannewaris holden wurde. 
Op 24 oktober wurdt it lesskema fêststeld.
 Fansels kin der yn oerlis wolris in kear skood wurde. Mar om de lesstof fêst te hâlden moat der wol kontinuïteit wêze. 

Op dit stuit binne der 8 kursisten. Dêr kinne noch wol in stikmannich by. 
Om de kosten hoecht it net oer te gean want foar FNP-leden is de kursus fergees. 

Ynformaasje oer de kursus en opjaan oant op syn lêst 17 oktober by 

Harry van Borkulo (lesjouwer Afûk) tillefoan: (0511) 47 47 76 / (06) 44 77 29 04 e-post: hjvanborkuloupcmail.nl   

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer