Logo FNP

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

Ofskied

It is in goed momint om no yn De Wrotter efkes werom te sjen op myn ôfskied as wethâlder yn Tytsjerksteradiel. Acht jier haw ik de mienskip tsjinje mocht en dêr bin ik wis wol wiis mei. Dochs is it belangryk om sa'n perioade goed ôf te sluten.

De 'hâldberheidsdatum' is no ien kear beheind. In oar moat soks net melde, dan binne je te let. 

No hie ik it momint fan myn ôfskied moai yn eigen hân. 
It ferstjerren fan pakesizzer Lisa, yn jannewaris, joech my ek in triuw yn 'e rêch. Neffens je langer wethâlder binne, nimme de politike spanningen wol ta.
 Sa spile no de nije wenfyzje. By de ferkiezingen is ek dúdlik wurden dat der grutte ferskillen fan ynsjoch binne. By de behanneling fan it konsept die soks al bliken. As portefúljehâlder folkshúsfêsting hie ik it hjir dreech mei. Sels bin ik der ek poer op tsjin dat der in nije wenwyk oan de westkant fan de Sintrale As komt. De tiid sil it leare. 

Wêr't ik wol mei foldwaning op werom sjoch is it grutte tal projekten dat yn 'e ôfrûne jierren realisearre is. Dêr haw ik myn rol yn spylje kinnen. 
Mar ik moat wol sizze dat ik wier wol in moaie tiid hân haw op it gemeentehûs. 
It tarieden fan belied yn 'e mande mei de amtners hat my skoan foldien. 

Op dit stuit mis ik soks bytiden wolris. De goede gearwurking mei de fraksje wie ek hiel noflik. It liket my net goed ta en doch fan myn 62ste ôf neat mear. Ik haw wier noch wol ambysje yn it iepenbier bestjoer. It paad werom nei myn wurk fan doedestiids is der net. Ik hoopje as FNP-politikus warber te bliuwen. 

Op Vijversburg yn de Bosk fan Ypey hiene wy in bysûnder barren oangeande it ôfskied fan de trije wethâlders. Der is in protte folk út de gemeente op ôfkommen. Sels haw ik in soad kaarten en brieven mei waarme wurden krigen. Der wie ek persoanlike oandacht fan it eigen bestjoer en út namme fan it haadbestjoer. Dy oandacht foar myn bestjoerlike rol út namme fan de FNP hat my tige goed dien.
 It is in goede saak dat wy as FNP yn it gemeentebestjoer bleaun binne.
 Wy binne de twadde partij yn ús gemeente en rinne net fuort foar ferantwurdlikens. 

De deis nei de ferkiezingen hat der mei fraksje en bestjoer oerlis west oer de strategy. Doe haw ik definityf oanjûn sels net fierder te wollen as wethâlder.
 Alle oanwêzigen neamden Rommert dêrnei as earste kandidaat. 
"Ik haw der wol nocht oan," sei Rommert. Dat is fansels de bêste basis om oan sa'n karwei te begjinnen. 

Ik winskje Rommert alle sukses by dizze útdaagjende bestjoerlike rol. 

 


Geerling Schippers 

 

Geerling



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)