Logo FNP

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

Wêr hawwe jo as nij riedslid mei te krijen?

As jo krekt yn 'e ried beneamd binne komt ek de fraach as jo ek yn in kommisje sitte wolle. Yn myn gefal wie dat de wurkjouwerskommisje. Ik bin yn de riedsgearkomste dan ek beneamd as lid fan dy kommisje.

 

No dan ek fuortdaliks mar fol oan 'e bak. Der waard besletten om nei 1 septimber net fierder te gean mei ús ad ynterim griffier. 
Der moast in profylskets makke wurde. 
Yn de wurkjouwerskommisje binne 3 partijen fertsjintwurdige: CU, GrienLinks en de FNP. 

Om alles sa gau as mooglik yn kalk en semint te krijen moast der rap hannele wurde. As we foar 1 jannewaris 2019 in nije griffier hawwe wolle, moat der noch hiel wat barre. 

Ynearsten moat der in profylskets makke wurde. 
Jo moatte rekken hâlde mei in grut ferskaat oan ideeën yn 'e ried. 
We hawwe dan ek besletten dat alle fraksjes harren ynbring dwaan koene.
 Der hawwe twa gearkomsten mei de fraksjefoarsitters west.
 Nei harren ynbring hat de wurkjouwerskommisje de profylskets fêststeld en is de sollisitaasjeproseduere úteinset.
 De sollisitaasjes koene oant 8 septimber yntsjinne wurde. 

De wurkjouwerskommisje hie de hannen fol en hat dan ek by de ried it útstel dien om de kommisje mei twa persoanen út te wreidzjen.
 Dit is ek bard. Fan it CDA en de PvdA is ek ien lid fan de kommisje wurden.
 We hawwe de earste seleksje no dien en op it stuit fan dit skriuwen binne de earste petearen geande. 

Der sil noch in twadde petear mei de keazen sollisitanten komme.
 As it allegearre giet lykas wy tinke, hawwe we neffens de planning op 'e tiid in nije griffier. 

Fan dit plak ôf wol ik de no sittende griffy in grut komplimint meitsje.
 De froulju hawwe harren tige ward yn in tiid dêr't de nije ried in begjin makke mei syn wurk foar ús moaie gemeente.


 

 Alex Nijboer 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)