Logo FNP

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

En doe lei de pinne fan de Wrotter op myn buro....

Oer josels skriuwe is net maklik, mar ik sil it besykje.

Graach yn it Frysk. No dat falt hielendal net ta. Prate en lêze kin ik it wol, mar skriuwe, dat giet net sa bêst. Wy soene al Fryske les hawwe, mar dat is troch alderhande omstannichheden útsteld. Ein oktober sil it heve, dus ik hâld goede moed dat it mei it skriuwen ek goed komt. 

Myn namme is Tjikke Krijgsman, 56 jier jong. Mem fan twa bern.
 In dochter dy't yn Hurdegaryp wennet en in soan yn Amsterdam. Fierder bin ik beppe fan twa famkes. Yn it deistich libben bin ik medysk pedikuere. Myn eftergrûn is breed. Learling-slachter, in kantoarbaan by in gruthannel, âldereinsoarch en palliative terminale soarch. Sûnt 2005 haw ik twa banen hân om't ik de pedikuerepraktyk oan it opbouwen wie en dêr noch net fan libje koe. Yn 2016 doarde ik de stap oan om allinne noch as medysk pedikuere te wurkjen.
 Yn 2004 bin ik fan Ljouwert nei Gytsjerk ferhuze en siet ik binnen in healjier yn it bestjoer fan doarpsbelang en waard lid fan de Mienskipsrie Trynwâlden. Hjir haw ik in soad oer de Trynwâlden leard. Nei DB waard ik foarsitter fan de doarpskrante en bestjoerslid fan de Zakenclub Trynwâlden. Yn it ferline haw ik altyd aktyf west yn it frijwilligerswurk. Op 'e skoalle fan 'e bern wie ik altyd paraat. Helpe op skoalle, de skoalkrante, kompjûterlessen begeliede, ride nei skoalaktiviteiten, ensfh.
Doe't de bern grutter waarden feroare dat en kamen oare saken op myn paad, lykas mantelsoarch foar pake en beppe en in soad minsken om my hinne. 

En no ek noch de polityk...
 Oant no ta waard myn portefúlje noch net behannele.
 Ik haw ûnderwiis, kultuer en rekreaasje. Ik haw der oer tocht om mar in breiwurkje op priemmen te setten, mar dêr bin ik net sa goed yn. Allinnich in sjaal breidzje, dat kin ik wol. It soe wat wêze, by de riedsgearkomste sitte te breidzjen. Eartiids waard der sein dat de hannen dwaande bliuwe moasten, mar ik tink dat men dat yn 'e ried net wurdearje kin. Dan mar goed harkje en beskôgje. Yn de soarch learst de lichemsstaal goed te lêzen en dêr doch ik no myn foardiel mei. Soms wurdt der wat sein om de diskusje los te krijen. Soms is it wier miend wat der sein wurdt.
 Alles wat libbet is noch net wier. Dat kinsto faak troch in goede beskôging skiede. Dêr kinsto de partijgenoaten yn stypje, want hja hawwe it meastal al drok genôch mei it behanneljen fan harren portefúlje-ûnderdiel. 

Men moat it seil nei de wyn hingje litte. Myn tiid komt noch wol, der bin ik grif fan oertsjûge. Yn myn portefúljes ûnderwiis, kultuer en rekreaasje is op 'e eftergrûn in soad geande. Op dit stuit sjoch en harkje ik goed en doch dêr myn foardiel mei. 
Ik lear en genietsje fan de ynsichten dy't ik krij. Ik genietsje fan 'myn tiid' yn de polityk en hoopje noch in soad te learen. 

 

Tjikke Krijgsman 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)