Logo FNP

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

In pear punten fan de fraksjefoarsitter

Hjir folgje in pear saken fan de fraksje.

Start 

Wy binne alwer in healjier yn de nije gearstalling oan it wurk yn de ried. In drokke en aparte perioade. In koälysjefoarming mei in soad argewaasje. Koart kriemd, de start wie net optimaal. Mar wat wol men ek; fyftjin fan de trijentweintich riedsleden binne nij, trije nije wethâlders, in griffy dy't oars beminske wurdt, in nije sekretaris en in boargemaster dy't der ek noch gjin twa jier sit. Dan is sa'n healjier - om inoar kennen te learen en út te finen wat as men oan inoar hat - eins te koart. 

Op 7 septimber hat de ried foar in saneamde 'teambuildingsdei' nei Skiermûntseach west. Mei it waar troffen we it goed en de sfear kaam der wol goed yn. It hat net in ferkearde set west. De sfear ûnderinoar en de ferhâldingen binnen ús eigen fraksje binne eins fan it begjin ôf oan al poerbêst! 

 

Jildsoargen 

Fan it berjocht dat der yn 2017 in grut tekoart ûntstien is, binne wy wakker skrokken. It grutste part fan dit tekoart is ûntstien by de Jeugdsoarch en de WMO.
 Dêr hat men de hân te min op 'e knip hâlde kinnen. No is in tekoart op himsels net in saak dêr't men bot wekker fan lizze moat, in pear jier mei in oerskot is dat wer klear, as it mar net struktureel is. En fan dat lêste bin ik net wis. De fraach om help wurdt hieltiten grutter no't men der deun op sit troch de ynstelling fan doarpeteams. Op himsels fansels in goede saak dat der help bean wurdt, mar it leit wol in grut beslach op de finansjele middels. Yn oktober sil de analyze oer hoe't dit sa kommen is bekend makke wurde en yn de begruttingsbehanneling fan novimber moatte spikers mei koppen slein wurde. 

Der sil wer in slutende begrutting komme moatte! 

 

Accountantsferklearring 

Us accountant hat ek langer wurk hân om de jierrekken fan 2017 te kontrolearjen en is ta de konklúzje kommen dat der in beheining oangeande betrouwen is en dat de rjochtmjittigens ôfkard is.
 De beheining sit him yn it net krijen fan in accountsferklearring fan ynstellingen dêr't de soarch oan útbestege is. Dêr kin in gemeente neat oan dwaan of de manier fan wurkjen moat oars regele wurde. Der wurdt op dit stuit oan wurke. 

Hiel wat oars is it ôfkarrende oardiel. Yngeande 2017 is de wet oer it ynhieren fan personiel feroare. As dat in bepaald bedrach te boppen giet dan moat it Europeesk oanbestege wurde. De gemeente siet oer dat bedrach hinne en hie it Europeesk oanbesteegje moatten. 

Dat is net bard en dan kin de accountant net oars en kar de rjochtmjittigens fan 'e jierrekken ôf. Wichtich is te melden dat der gjin malversaasjes west hawwe en alle sifers gewoan goed binne, allinne is men somtiden ôfhinklik fan oaren en moat men alles goed yn 'e hân hawwe. Us wethâlder hat as taak dat goed yn de stringen te hâlden! 

 

Piet Reitsma 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)