Logo FNP

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

Ofskied fan wethâlder Geerling Schippers

Op tongersdei 7 juny hat de ried ôfskied naam fan trije wethâlders. Us FNP wethâlder Geerling Schippers hie ek te kennen jûn dat hy graach ophâlde woe.

Op in drok besochte reseptsje yn park Vijversburg binne hiel wat hannen skodde.

Foarôfgeand wiene der taspraken en kadootsjes. Wethâlder Doeke Fokkema waard riddere foar 16 jier wethâlderskip en in hiel soad oar frijwilligerswurk.

Piet Reitsma wie eefkes de nestor fan de ried en hat de fertrekkende wethâlders út namme fan de ried tasprutsen. Hjirûnder kinne jim de wurden oan Geerling rjochte lêze. 

 

Dan Geerling Schippers fan de FNP, 
Riedslid fan 2002 oant 2006 en wethâlder fan 2010 oant 2018

 

Elk kin it antwurd fan Geerling op "Dat het hondenpoepbeleid nog in de kinderschoenen staat", nammentlik hy fûn "dat nu de kinderschoenen in de hondenpoep staan". Gedegen en mei in hiele protte kennis fan saken hat Geerling syn paadsje skjinfage. 

Dat hy - mei syn eftergrûn as akkountant - him thúsfielde by de portfúlje finânsjes die wol bliken. Hy loadste yn de perioade 2010 - 2018, mei de ôfdieling jildsaken, de gemeente troch in yngripende besunigingsoperaasje. Yn dy ôfdieling jildsaken waard dan ek wol troch de meiwurkers sein: "Dizze wethâlder jildsaken is in echtenien". Oft dat in opmerking wie dy't útere waard mei opluchting, mei wurdearring óf as fersuchting is net dúdlik.


Geerling is ek de iennige wethâlder yn de histoarje fan Tytsjerksteradiel dy't alles oer hat foar fuotbaljen en ........ in djoere auto. Mei de oanskaf fan syn Jaguar kaam in jongesdream út! It brocht de tongen op 't gemeentehûs yn beweging. Mar net allinnich binnendoar, ek bûtendoar luts dizze bolide de oandacht. In stel foarbyfytsende jonges seach de wein, Geerling sette him fansels pontfikaal foar it gemeentehûs by de flaggemêsten, en woe perfoarst mei dat pronkstik Britse autotechnyk op ‘e foto. Dus, de jongkeardels fan ‘e fyts, de mobile tillefoan yn ‘e oanslach, it ‘fotomodel' foar de wein en knippe mar. Op dat stuit fytst in oare jongbaas foarby en rôp: "Stel jim net sa oan, sa'n auto krigest by ús yn 't doarp by € 50,- oan boadskippen...!"

 

009Auto Geerling

Der gie Geerling gjin see te heech as it op it ferdigenjen fan syn portefúlje-ûnderdielen gie. En al like hy foar it each altyd hiel serieus, wa't goed nei him seach, koe in smoute útdrukking oankommen sjen. Hy boarte mei wurden.

Mar as it him oer de hege skuon rûn, dan seagen wy in Geerling dy't mei in pear goed pleatste wurden elkenien stil krige.

 

Geerling Schippers is net de man fan op de foargrûn. As der in aktiviteit wie, mei in fotograaf tichteby, sei Geerling tsjin de oanwêzige amtner: "Dû kinst wol op de foto!" Dat kin der fansels ek op wize dat hy it wurk fan ‘syn' amtners wurdearre en harren foar it fuotljocht bringe woe. Dat stiet him te priizgjen!

It wie wiswier net altyd maklik om mei in frij swiere portefúlje sûnder wryt of slyt troch de tiid te kommen. Dochs slagge it Geerling om troch te setten; om it belang fan ús gemeente sa goed mooglik te tsjinjen.

 

007Ofskied Wethalders008Lintsje Doeke



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)