Op besite by kristlike basisskoalle ‘De Arke' Burgum

Tongersdei 13 oktober is in part fan de ried op besite west by kristlike basisskoalle ‘De Arke' yn Burgum. (https://dearke.nl)

Hjir hawwe we ynformaasje krigen oer in ‘nij/oar' lessysteem dat ‘Modus' hjit. In prachtich lessysteem, wêrby 't de bern ta harren rjocht komme, op harren eigen tempo en net mear fan 8.30o oant 14.00o stil op harren stoel sitten bliuwe. Se binne de hiele dei aktyf dwaande yn groepen fan harren eigen nivo. Ek it Frysk wurdt net fergetten!

 

MODUS is in mienskiplike ûnderwiisrûte fan CBS De Arke en CSG Liudger. De rûte is rjochte op learlingen út groep 7 en 8 fan it basisûnderwiis en klasse 1 en 2 fan it fuortset ûnderwiis. De ûnderwiisrûte slút oan by it teenerbrein, makket in letter karmomint mooglik en soarget foar in bettere oansluting tusken it basis - en fuortset ûnderwiis. Binnen de nije ûnderwiisrûte krije learlingen oant 14 jier in ûnûnderbrutsen persoanlike learrûte oanbean, rekken hâldend mei it teenerbrein, it nivo, de ynteresses en kwaliteiten fan learlingen.

By de learrûte stiet it ûntdekken wa 't se binne, hoe 't se leare en watfoar bydrage se wolle en leverje kinne oan de maatskippij sintraal. Der wurdt wurke út de kearnwearden wei: bloei, aktyf, ferbinend en lef. Fakken wurde ferfongen troch tema's, de bern hawwe gjin juf / master mear mar ien coach en alle dagen start mei in check-in en sport en bewege. Oan it begjin fan it jier stelt de coach tegearre mei de learlingen en harren âlder(s) / fersoarger(s) in persoanlik learplan op. Yn it persoanlik learplan steane de leardoelen fan in learling omskreaun, mar ek de wize wêrop 't de learling de doelen helje wol.

 

Beide skoallen binne dwaande mei it ûntwikkeljen fan in nij ûnderwiiskonsept, ûnderwiiskonsepten dy 't in soad raakflakken mei-inoar hawwe. Troch de konsepten byinoar te bringen, kinne se noch better ynspylje op yndividuele behoeften en learlingen gelikense kânsen jaan. Sa kinne tieners ta bloei komme mei harren eigen krigen talinten en kreativiteit.

 

De Arke 13 10 2022 1e

 

 

 

 

 

 

 

 

De Arke 13 10 2022 2e

 



2022 FNP Fryslân - Disclaimer