Notulist socht!

Omdat ús hjoeddeistige notulist it te drok krigen hat en har taak graach oan in oar jaan wol, siket de fraksje in notulist (M/F).

It wurk bestiet ut it ferslach meitsjen fan de stipe gearkomsten.

Dizze gearkomsten binne meastentiids op in tongersdeitejûne foarôfgeand oan de riedsgearkomste.

It binne sa'n 12 jûnen yn't jier. Somtiden binne der noch in pear oare gearkomsten, mar dêr kinne yn oerlis ôfspraken oer makke wurde.

Fansels wurdt it ferslach yn it Frysk skreaun.

De ôfspraken yn it ferslach wurde brûkt yn de riedsgearkomste.

 

Foar it notulearjen stiet in fergoeding per kear.

 

Mear ynformaasje is te krijen by ús fraksjefoarsitter:

Freddy de Haan

06 23 05 41 08

f.dehaan.fnpt-diel.nl 

wpostmat-diel-info.nl



2022 FNP Fryslân - Disclaimer