Wurkbesite

Hjoed de earste wurkbesites hân (nei de simmer fakânsje) mei FNP Tytsjerksteradiel.

 

Earste besite wie in entûsjaste ûndernimmer mei goeie plannen. Wy binne altyd entûsjast en sizze dwaan(!) mar wetlik moat dat ek kinne. De ûndernimmer pakt it goed oan troch hjir en dêr earst goed te ynformearjen. Yn dit stadium hawwe wy adfys oanjûn hokker wei te gean.

 

Us twadde besite wie by soarchoanbieder 'Wurkmaat' tegearre mei soarchoanbieders 'De Witrik' en 'Ot en Sien'. Yn 2015 hat de ynfiering fan de WMO west. Dat betsjutte al in besuniging. De gunning is op dit stuit in 'open house' konstruksje mei in soad maatwurk en frijheid om te kiezen. Yn 2023 komt der in nije gunning. It foarstel hat in tal fan wizigjen. De grutste feroaringen 'soarch 68+ apart oanbesteegje' ien haadoanbieder = mooglikheden nei goedkeaper ferfier en lumpsum (=fêste priis).

Wêrom dizze gedachtegong: de gemeenten 8-K en T-diel wolle/moatte € 200.000, - besunigje op dit punt. De grutste oerskrieding binnen it budzjet komt troch de fergrizing (en dat is net allinnich by dei-opfang mar dêrby kinst ek tinke oan thússoarch, ferfier etc). De fraach by dizze nije foarstellen oft de fergrizing en de tanimmende oanfraach net heaks stean op de besunigings? Fragen lykas: Wat as de grutte soarchoanbieder fallyt giet, net genôch transparânsje, ûnrêst by doelgroep (oant 68 jier mei de dei-opfang en dêrnei?) en wurdt dizze groep dan earder opnom yn in ferpleechhûs, hoefolle stress jout dit by de mantelsoargers (thússituaasje) wêrtroch 't der wer mear soarch oan hûs bean wurde moat.

 

Ferpleatse wy it probleem?

Kreëarje wy in nij probleem?

Wat fine jim?



2022 FNP Fryslân - Disclaimer