12 july - Nije wethâlders beneamd

Yn in ekstra riedsgearkomste fan tiisdei 12 july 2022 binne trije nije wethâlders beneamd.

Caroline de Pee út Frentsjer (CDA), Berber van Zandbergen uit Mûnein (partijcombinatie PvdA/GL) en Tytsy Willemsma uit Boarnwert (FNP) foarmje it nije kolleezje fan wethâlders foar Tytsjerksteradiel.

Dêrneist is it riedsbredeprogramma ‘ Samen in actie voor Tytsjerksteradiel ' foarlein oan de ried en fêststeld.

Yn dit programma binne alle oerienkomsten tusken alle partijen (mei hjir en dêr in lytse kanttekening) beneamd.

 

De koälysjepartijen hawwe ek it koälysjeakkoart ‘ Tytsjerksteradiel bloeit ' presintearre.

Mear ynformaasje hjiroer kinst fine op: https://www.t-diel.nl/nieuw-college-raadsprogramma-en...

FNP Tytsjerksteradiel is yntins bliid mei de beneaming fan har eigen wethâlder Tytsy Willemsma.

De ôfrûne riedsperioade hat Willemsma har spoaren rom fertsjinne. Wy winskje har en wethâlders Caroline de Pee (CDA) en Berber van Zandbergen (PvdA/GL) goede ynsichten en wiisheid ta.

 

Troch it trochskowen fan Berber van Zandbergen, hat Corien van der Linden de sit fan Berber van Zandbergen (PvdA/GL)yn de ried oernaam.

Ek Corien winskje wy in soad wiisheid.

 

Yntusken is ek de portefúljeferdieling klear.

Dizze ynformaasje fyne jo op: https://www.t-diel.nl/portefeuilleverdeling-nieuw-college...

 

#FNP #tytsjerksteradiel # FNP Tytsjerksteradiel

 

2022 12 07 6

 

 

2022 12 07 3

 

 

 

 

 

 

 

 

 

2022 12 07 7

 

 

 

 

 

 

 



2022 FNP Fryslân - Disclaimer