𝗗𝗲 𝗙𝗡𝗣 𝘁𝗲𝗸𝗲𝗻𝗲𝘁 𝗵𝗷𝗼𝗲𝗱 𝗴𝗷𝗶𝗻 𝗳𝗲𝗿𝗸𝗹𝗲𝗮𝗿𝗿𝗶𝗻𝗴 𝗲𝗻 𝗳𝗿𝗲𝗴𝗲𝘁 𝗼𝗺 𝗽𝗲𝗿𝘀𝗽𝗲𝗸𝘁𝘆𝗳
De FNP sil hjoed foar it provinsjehûs gjin ferklearring ûndertekenje. Wy begripe de soargen dy't der binne en binne net wiis mei de route dy't troch De Haach keazen is. De FNP hâldt fêst oan de eigen ‘Fryske oanpak'. Der is in oerskot oan stikstof yn de natoer en mei de sektor moatte wy ta nei in grûnbûne en ekstensivere foarm fan buorkjen.
It perspektyf en de demokratyske legitimaasje moat dêryn foarop stean.Besluten wurde net nommen op strjitte mar yn it Provinsjehûs. De ynset fan de FNP foar Fryslân as lânbouprovinsje foar no en yn de takomst sil stevich wêze. Mar wol op it plak dêr't dat heart.
De FNP fraksje yn it Fryske Parlemint