Iepening 'nije' swimbad Gytsjerk

Hjoed binne Freddy, Jan Pieter, Tjikke en Piet út namme fan de FNP oanwêzich west by de iepening fan it 'nije' swimbad 'De Sawn Doarpen' yn Gytsjerk. Prachtich moai swimbad dat realisearre is troch it trochsettingsfermogen fan Stichting Swim.

 

De stichting Swim Gytsjerk beskikt oer in unyk iepenloftswimbad "De Sawn Doarpen"; oprjochte yn 1976 en foar it grutste part bekostige troch de ynwenners fan de Trynwâlden sels. It bad is dan ek fan grutte sosjale, ekonomyske en sportive wearde foar de bewenners fan Gytsjerk en omkriten. Begjin 2011 kundige gemeente Tytsjerksteradiel lykwols oan foarse besunigings troch te fieren oangeande it iepenloftswimbad yn Gytsjerk. Nei ferskate petearen mei de gemeente hat in achttal entûsjaste Trynwâldsters de stichting Laat Trynwâlden Zwemmen, oftewol SWIM!, yn it libben roppen. SWIM! spant him al jierren, troch it ynsammeljen fan jild en de ynset fan frijwilligers, yn om de foarstelde sluting fan it swimbad foar te kommen. Hja draacht fan 2013 ôf € 20.000, - yn it jier by. Ferskate doarpsbelangen stypje SWIM! En ek sa 'n lytse 500 donateurs, omdat it ferdwinen fan it bad foar jong en âld in grut ferlies wêze soe en de leefberens yn de doarpen yn it geding is.

sjoch ek: https://www.laattrynwaldenzwemmen.nl

  

Hjoed is it nije swimseizoen yn it nije swimbad fan start gien!

20220430 100505

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

20220430 144028

 



2022 FNP Fryslân - Disclaimer