Nynke Hinke Rintjema (18) beëdige ta boargerriedslid

Beëdiging ta boargerriedslid.

Justerjûn is ús jongste lid Nynke Hinke Rintjema (18 jier!), beëdige ta boargerriedslid.

Nynke Hinke, fan herte lokwinkse!  

 

Wat is in boargerriedslid?

In boargerriedslid is lyksteld op in soad fronten oan in riedslid.

Op in soad fronten wurde boargerriedsleden, meastal aktyf yn riedskommisjes, lyksteld oan keazen riedsleden.

Se kinne allinnich net it wurd fiere yn de gemeenteried en gjin skriftlike fragen stelle oan it kolleezje fan B&W.

En se meie net dielnimme oan stimmingen yn de ried.

Oan it wurden fan boargerriedslid, boargerlid, stiperiedslid, ensfh. wurde foar it oare deselde betingsten steld as oan riedsleden.

Se moatte wenje yn de gemeente dêr 't se yn de riedskommisje sitte, 18 jier of âlder wêze, en yn in Tytsjerksteradiel ek de eed of de belofte ôflizze.

 

2022 Nynke Hinke 21 04 1

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

  

2022 Nynke Hinke 21 04 2

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

2022 Nynke Hinke 21 04 3

2022 FNP Fryslân - Disclaimer