FNP, CDA, kombi PvdA/Groen Links yn gemeentebestjoer

FNP, CDA en kombi PvdA/GroenLinks yn gemeentebestjoer Tytsjerksteradiel

 

tongersdei 14 april 2022

 

BURGUM -Informateurs Hendrik ten Hoeve en Anne Jochum de Vries advisearje in kolleezje fan FNP, CDA en PvdA/GroenLinks.

Fierder is it advys om in kolleezje te foarmjen mei trije wethâlders. De beëage kolleezjepartijen hawwe mei-inoar 15 fan de 23 sitten yn de gemeenteried.

 

De ynformateurs advisearje ek om neist it proses fan kolleezjefoarming op seis ûnderskate tema's de gearwurking oan te gean binnen de ried. It giet dan om de tema's:

wenjen en bouwen; mei fragen as foar wa, wêr, hoe (en ynnovaase)

duorsumens en enerzjytransysje; mei fragen oer wannear, hoe, wêre en ek bgl (lytse) wynmûnen/isolaasje fan wenningen

romtlike fyzje; mei fragen oer wenjen, doarpen, natuer, lânbou, bedriuwen (terreinen)

ynkleuring sosjaal domein; ynklusyf earmoedebelied

it belang fan sûnens; meidwaan, partisipearjen en gelikese kânsen

de relaasje tusken de gemeente en de boargers;

 

De gemeenteried bepraat it advys fan de ynformateurs op tongersdei 21 april fan 19:30 oere ôf.

Dizze gearkomste is iepenbier en live te folgjen fia www.raad.t-diel.nl

Op dizze webside (www.raad.t-diel.nl) fine jo ek it advys fan de ynformateurs.

https://www.rtvnof.nl/fnp-cda-en-pvda-groenlinks.../563318/ 

 

Foto Gemeentehuis Tytsjerksteradiel

 



2022 FNP Fryslân - Disclaimer