Taspraak Piet Reitsma by syn ôfskie fan de ried

Tige tank foar dyn krewearjen yn de ried!

2022 29 03 Piet Skilderij bywurke

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

2022 29 03 Piet taspraek 2

 

  

 

  

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

29-03-2022

Piet Reitsma syn taspraak by syn ôfskie fan de ried.

 

Achte oanwêzigen, harkers en sjoggers,

 

 
2010 - 2022 in hiel skoft. En yn dat skoft is der in soad bard.
Ik ha fjouwer boargemasters: Polderman, Ter Keurs, Mansveld en Gebben meimakke. Ik ha fjouwer griffiers meimakke: Dijkstra, Koster, De Vries en Dam. Mar ek de earste froulike boargemaster én de earste froulike griffier! Spesjaal wol ik Hinke Hoogland noch efkes neame. Sy hat my ek sawat 12 jier skewiele.
En dan ha ik it noch net oer de ferskate wethâlders, riedsleden en sikretarissen. Mar mei dy nammen sil ik jim net pleagje.

Humor en ferbrekkingen wienen der ek. Sa as yn de tiid fan de ombûgingen it freegjen om in momint fan stilte ‘voor gebed, bezuiniging en overweging' yn stee fan bezinning ....

Lid te wêzen fan de fertrouwenskommisje om in nije boargemaster foar te dragen wie ek hiel nijsgjirrich wurk dêr't ik in soad fan opstutsen ha. En ik kin jim sizze dat it in hiele soarchfâldige operaasje is. Ik bin hjirtroch in echte tsjinstanner wurden fan in keazen boargemaster. Mar mear mei ik der net oer sizze, ik moat my der 75 jier oer stil hâlde en ik wit net of ik de ein fan dy 75 jier wol helje.....
De formaasjes hawwe ek altiten grutte impact op it funksjonearjen fan de ried hân. Hooplik sil men dit jier mei inoar de skouders der ûnder sette. Mar betink wol dat der winners en ferliezers binne. En de ien kin der better oer as de oare.
 
Ek ha ik besocht, en dat komt troch de konneksjes mei de Nederlandse Vereniging voor Raadsleden, de ried hiel goed yn posysje te bringen. It is it heechste orgaan fan de gemeente en dêr moatte de riedsleden harren goed fan bewust wêze. 

Tank oan de kiezers, fraksjegenoaten, de kollega riedsleden, kolleezje, griffy, amtners en alle oaren dy't it wurk foar my as riedslid mooglik makke ha.

 

Dan wol ik noch graach in persoanlike noat kwyt. Yn 2013 is myn frou Tiny ferstoarn, yn 2014 ha ik in oerhaal hân en bin ik refalidearre yn Beetstersweach en yn 2015 moast ik in iepen hert operaasje ûndergean. Foar de stipe dy't ik doe fan de leden fan de ried, griffy en kolleezje hân ha bin ik noch altiten tankber. Dat betsjut dat in ried, en dan bedoel ik ek alle gremia deromhinne, hiel sosjaal wêze kin, in tiim foarmje kin en om de swakkere yn har fermidden tinke kin. Dat fêst te hâlden is wat ik jim tawinskje, tink net allinne om jinsels, om jim eigen fraksje mar ek om inoar! 
 
Dan wiene jim fan my wend dat ik wat meinim by in ferklearring yn de ried. Tink mar oan de hûntsjes. Dat ha ik no ek mar dien. It is in race-auto. En net samar ien mar dy fan Max Verstappen. Hy woe wrâldkampioen wurde om nûmer ien op syn auto te krijen. Yn ien fan de lêste bochten krige hy dat foar inoar. Oer fjouwer jier krijt de FNP yn dizze gemeente ek nûmer ien op de oanplakbiljetten foar de ferkiezingen. In hiele prestaasje mar dat is mar ien nûmer ien. 
Dûmny Martin Luther King hie it oer syn ‘dreem'...... Dêr rimet nûmer ien op.

I have a dream... dat de hiele ried de ynwenner fan Tytsjerksteradiel set op nûmer ien.
I have a dream... dat de hiele ried it wolwêzen fan dy ynwenner set op nûmer ien.
I have a dream... dat de hiele ried de gemeente Tytsjerksteradiel set op nûmer ien.
I have a dream... dat de hiele ried it amtnersapparaat set op nûmer ien.
I have a dream... dat de hiele ried it sosjale, ek yn eigen fermidden, set op nûmer ien.
I have a dream... dat de hiele ried it Frysk set op nûmer ien.
I have a dream... dat de hiele ried it griene tinken set op nûmer ien
I have a dream... dat de hiele ried it gearwurkjen set op nûmer ien.
I have a dream... dat de hiele ried de oar set op nûmer ien.

I have a dream......ik ha in dream....

 

2022 29 03 Piet syn plak leeg

 

 



2023 FNP Fryslân - Disclaimer