Ofskie fan Piet Reitsma as riedslid

2022 29 03 Piet

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

  

2022 29 03 Piet 2

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Hjoed ha we ôfskied naam fan de ried 2018 - 2022.

 

Dit betsjut dat der ek in ein komt oan de bydrage fan 'ús Piet' as riedslid.

Piet Reitsma hat ferline jier it foarsittersstokje al oerdroegen oan Freddy de Haan en hjoed is it grutte momint dêr: Piet hâldt op  mei syn wurk as riedslid.

Piet hat fan 2010 oant 29 maart 2022 riedslid west yn Tytsjerksteradiel.

Hy hat ús hjoeddeistige team fraksjeleden begeliede kinnen ta it punt dêr 't se no steane.

De jierren as riedslid en fraksjefoarsitter binne net altyd maklik west.

Yn syn privélibben is nochal wat bard yn dizze perioade.

Yn 2013 is syn frou Tiny ferstoarn.

Yn 2014 en 2015 liet Piet syn sûnens te winskjen oer.

Piet is in trochsetter en is net by de pakken delsitten gien.

Hy hat benammen de lêste fjouwer jier in soad enerzjy stutsen om de riedsgearkomsten -binnen ús fraksje- yn goede banen te lieden en om, sa 't er sei: 'alle kikkerts (de oare fjouwer fraksjeleden) yn de kroade te hâlden'.

 

Piet hat fan de gelegenheid gebrûk makke om it ien en oar te fertellen oer it ferline, no en de takomst op syn eigen ' Piet' wize.

Ien ding wie dúdlik yn Piet syn ferhaal: 'ik ha in dream. . . .' en dêrfan is it wichtichste boadskip dat it goed giet en goed gean bliuwt op alle fronten yn Tytsjerksteradiel!

 

Piet, tige tank foar al dyn krewearjen foar de FNP!

We hoopje dan, as fraksje, ek noch hiel lang fan Piet syn oanwêzigens en kennis gebrûk te meitsjen yn de stipe fraksje en dêrbûten!

 

 

 

 



2022 FNP Fryslân - Disclaimer