Echtpear Koster: Fan herte lokwinske

2022 Echtpear Koster

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Echtpear Epke Koster en Paulien Koster-Walta út Burgum binne hjoed (22-03-2022) 60 jier troud!
 
De hear en frou Koster groeiden op yn Dronryp. Nei harren trouwen kaam it pear yn Rotterdam te wenjen, de hear Koster wurke dêr by de plysje. Letter wenne it pear yn Jobbegea, Veendam en fan 1975 ôf yn Burgum.
Frou Koster wurke foar har trouwen by Peek & Cloppenburg as kasjêre. Dêrnei soarge se foar har trije soannen en it húshâlden. Doe 't de bern selsstannich wiene hat frou Koster noch as ferkeapster yn in winkel yn Burgum wurke.
Yntusken is de famylje útwreide mei twa bernsbern. It jubilearjende echtpear fiert harren diamanten houlik yn lytse rûnte yn de Pleats yn Burgum. Boargemaster Jeroen Gebben kaam dêr fan 'e middei del om it pear te lokwinskjen mei harren bysûndere mylpeal.  


2022 FNP Fryslân - Disclaimer