Jan van der Kooi nûmer njoggen foar Wetterskip Fryslân
Kom yn de kunde mei ús kandidaat foar Wetterskip Fryslân!
Myn namme is: Jan van der Kooi en ik wenje yn Ryptsjerk.
Ik haw sûnt 2000 de FNP fertsjinwurdige as, haadbestjoerslid, riedslid en algemien bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân, wêr 't ik no noch yn de skaadfraksje sit.
Myn eftergrûn is HBU Wurktúchboukunde/Elektrotechnyk.
Deistich sit ik lânlik noch yn twa ferantwurdingsorganen (VO-raden) fan pensjoenfûnsen.
Ik set my graach yn as kandidaat foar Wetterskip-Fryslân en wol wurkje oan in feilich en skjin Fryslân.