Justerjûn hat de FNP mei PvdA / GroenLinks, BVNL en VVD in moasje yntsjinne mei it fersyk om senario 1 (rapport Berenschot ).
‘Ofskiede, selsstannich fierder' sa gau mooglik ta te rieden om de wurkmaatskippij 8KTD ûntflechtsje te kinnen.
Mei 14 stimmen foar en 8 stimmen (de oplettende lêzer sjocht ien stim te min dat wie omdat der ien riedslid fan Pvda/GroenLinks der net wie) tsjin is dizze moasje oannaam en bliuwt Tytsjerksteradiel selsstannich.
Yn in twadde moasje hawwe deselde partijen it kolleezje frege om sa gau mooglik mar úterlik 23 novimber 2023 de ried in plan fan oanpak foar de ûntflechting fan de wurkmaatskippij 8 KTD foar te lizzen.
Jo kinne dit punt weromsjen op: https://tytsjerksteradiel.bestuurlijkeinformatie.nl/...
FNP: "De FNP freget al jierren oan de mienskip yn wat foar gemeente wolle wy meielkoar no en yn de takomst wenje? En wat wolle wy foar ús bern efterlitte? Wy wolle yn in gemeente wenje wêr 't de oerheid fan it folk is, de fasiliteiten tichtby de mienskip stean en wêr 't de mienskip tichtby de polityk stiet. Tytsjerksteradiel foldocht hjir folslein oan.In finansjeel stabile gemeente, dy 't groeit en bloeit en dy 't tegearre mei de ynwenners yn aksje komt. Dat jout romte foar nije ynnofaasjes, dy 't hân yn hân gean mei de tradysjes. Wy hawwe goed ûndersyk dien nei wat wy tinke dat no en yn de takomst it bêste is en dat is selstannich bliuwe".
We binne der noch net, der moat no hiel wat regele en herferdield wurde. Wy binne ús derfan bewust dat der fan it oersoniel, dat al ûnder hege wurkdruk stiet, in soad frege wurdt. Wy winskje harren in soad wiisheid ta by it keuzes dêr 't hja foar komme te stean.