Logo FNP

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

Fnp Tytsjerksteradiel kopieDe 7 kearnwearden fan de FNP

 

1 - Demokrasy

De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.

2 - Federalisme

De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy't minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsjes, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân. 

3 - Ynternasjonalisme

De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgings steane dêrby sintraal. 

4 - Taal en kultuer

Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken.

De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr't ek oare talen en kultueren res-pektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildts en it Stellingwarfs.

 

5 - Undernimmerssin

De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmerskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen. 

6 - Solidariteit

De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean. 

7 - Duorsumens

De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfer-tarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.

 

 

 

PROGRAM 2018 - 2022

 

Ynlieding
De FNP hat al goed fjirtich jier in plak yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel. Fan 1998 ôf hie de FNP trije riedssitten en fan 2010 ôf fiif.

Piet Reitsma hat fan 2016 ôf fraksjefoarsitter west en hy hat yn de mande mei Rommert Dijk, Freddy de Haan, Wijbe Postma en Binne de Vries foarm en ynhâld jûn oan de út-gongspunten fan De FNP yn de gemeenteried. Geerling Schippers makke fan 2010 ôf diel út fan it kolleezje fan B&W.


It biedwurd is                     

FNP mei kwoloer

De FNP wol it alderbêste foar alle ynwenners fan Tytsjerksteradiel.

De bern en de jongerein moatte harren gerak krije, harren âlden moatte wurk nei 't sin fine. De swakkeren moatte genôch stipe krije en de âlderein moat alle soarch krije dy't nedich is. Mei oare wurden: elkenien moat him thúsfiele yn ús moaie gemeente.

Om dat foarinoar te krijen moat de leefberens yn ús gemeente sintraal stean.

It begryp leefberens is foar De FNP in wêzentlik betingst foar in goed libben.

De FNP beskôget dat as in kaaiwurd. De doar iepensette nei it bieden fan goede wenom-stannichheden, kondysjes foar wurkgelegenheid kreëarje, soarch foar berikbere foarsjen-ningen, each foar de feiligens fan 'e boarger en it behâld fan de eigen identiteit.

 

Praktysk betsjut dat

  • De FNP is der foar elkenien. Dus: foar elkoar en mei-elkoar!
  • Gearspraak is de reade triedyn it hâlden en dragen fan de FNP.
  • De FNP is foar it behâld fan ús karakteristike lânskip.
  • It brûken fan it Frysk yn de mienskip is fanselssprekkend foar de FNP.
  • De FNP stiet noed foar it Frysk en it Fryskeigene yn ús gemeente.
  • Natuer en miljeu yn ús gemeente hawwe it bysûndere omtinken fan de FNP.

  

It program foar de riedsperioade 2018-2022

De FNP kiest der foar net in hiel wiidweidich program te skriuwen.
De fyzje fan de FNP wurdt yn haadpunten werjûn en is keppele oan de 7 kearnwearden fan de FNP lykas hjirboppe oanjûn.

 

 

De FNP hat each en ear foar elkenien


Bestjoer

De FNP is fan betinken dat it beslissingsfoech lizze moat by de demokratyske oerheid fan de lytste ienheid dy't dat hantearje kin, nammentlik it gemeentebestjoer.

  • Mei gearspraak as útgongspunt betsjut dit dat oerlis mei de boargers (doarpsbelangen/doarpsfyzjes) de basis is foar de beslútfoarming.
  • Us gemeente hat genôch bestjoerskrêft. Weryndieling of fúzje mei (in) oare gemeen-te(n) is dan ek net nedich. De gearwurking mei Achtkarspelen op útfiering fan belied is wichtich, mar it behâld fan de romte foar it eigen belied stiet hjirby foarop.
  • By útstellen om te fusearjen moat de befolking perfoarst yn 't foar rieplachte wurde.
  • Boppegemeentlike taken - bygelyks by mienskiplike regelingen - moatte helder, troch- sichtich en beynfloedber wêze.
  • De eigenheid fan ús gemeente wol de FNP útdrukke troch de ekstinsje .frl op de ge- meentlike webside en yn it e-postferkear te brûken.

 

Taal is de sprekbuis fan de siel

Taal en kultuer
Taal en kultuer binne by útstek de dragers fan de identiteit fan in mienskip.

Op dat mêd binne de ûndersteande útgongspunten foar de FNP tige wichtich.

  • It aktyf fieren fan in beliedoangeande it brûken fan it Frysk.
  • In folweardich plak fan it Frysk - sawol yn belied én útfiering as mûnling en skriftlik - yn de gemeentlike organisaasje en dêr bûten.
  • In aktive behearsking fan it Nederlânsk én it Frysk - sawol mûnling as skriftlik - is in funksje-eask yn de gemeentlike organisaasje.
  • It Frysk moat mear brûkt wurde op it gemeentlik webstee.
  • Yn it ramt fan de boppelokale funksje fertsjinje de museayn ús gemeente gemeentlike stipe.
  • In goede biblioteekfoarsjenning is in basisbetingst.
  • Inisjativen út de befolking wei op it mêd fan keunst - lykas in keunstrûte of iepenloftspul - moatte safolle mooglik stimulearre en stipe wurde.
  • Der moat stal oan it gemeentlik monumintebelied jûn wurde.

 

 

Goed ûnderwiis jout belutsen boargers

Underwiis
It gemeentebestjoer is finansjeel ferantwurdlik foar de húsfêsting fan de skoallen yn de gemeente. Mar njonken de húsfêsting is de rol fan de gemeente op it mêd fan ûnderwiis

en foarming wichtich. Sa hat it gemeentebestjoer in posysje op it mêd fan de berne-opfang en de pjutteboartersplakken. Dêrnjonken subsidiearret de gemeente yn it ramt fan it eigen ûnderwiisbelied beskate aktiviteiten yn it foarskoalsk-, basis- en it fuortset ûnderwiis.

Foar it te fieren belied binne de ûndersteande punten foar De FNP fan belang.

 

  • It yn stân hâlden fan kwalitatyf goede basisskoallen is ús útgongspunt. As der yn in doarp yn gearspraak mei de âlden oergien wurde kin fan twa aparte nei ien libbens-fetbere doarpsskoalle, hat dat ynstimming fan de FNP.
  • By nije húsfêstingsplannen wurdt der goed sjoen nei de mooglikheden foar it opsetten fan in gebou mei mear funksjes as allinne ûnderwiis.
  • De gemeente befoarderet dat sawol yn de berne-opfang as yn de pjutteboartersplakken it Frysk in folweardich plak kriget.
  • Yn de riedsperioade 2018-2022 moat der ek jild beskikber bliuwe foar it eigen ûnder-wiisbelied.
  • It stimulearjen fan it Frysk yn it ûnderwiis en foarming is in ûnderdiel fan it eigen ûnder- wiisbelied.
  • Trijetalige skoallen moatte yn ús gemeente algemien wurde.
  • Omdat De FNP it wichtich fynt dat jonge bern harren yn ús wetterrike gemeente goed rêde kinne, is it fan belang nei te gean oft it skoalswimmen wer ynfierd wurde kin.

 

 

In wenteboubelied foar alle doarpen

Wenjen
Us gemeente wurdt karakterisearre as in gemeente dêr't it goed wenjen is. 

Om dat te behâlden moat it folgjende barre.

  • Foldwaande betelbere wenromte foar de jongerein.
  • Wenningen foar starters.
  • Omtinken foar geskikte wenfoarmen foar de âlderein en beheinden. Dêrby is libbensrin-bestindich bouwen it útgongspunt.
  • It realisearjen fan foldwaande sosjale wentebou yn 'e mande mei de hierdersferiening.
  • It belied fan de wenteboukorporaasjes kritysk folgje en dêr wêr mooglik bystjoere.
  • Om de leefberens ynde doarpen te befoarderjen moat boud wurde neffens it ferlet.
  • Dat betsjut gjin 'robúste' útwreiding fan Burgum oan 'e westkant fan de Sintrale As.
  • By de bou, ferbou en renovaasje fan wenten moat duorsumens, kwaliteit en it ynpassen yn it lânskip in wichtige rol spylje.

  

  

De FNP foar in goed sosjaal belied

Wolwêzen en soarch
Mei it belied dat ús gemeente fiert op it mêd fan wolwêzen kin de FNP foar de kreammen lâns. Under wolwêzen heart ek sosjale feiligens. Dat betsjut dat de gemeente de taak hat om it noflik en feilich wenjen yn ús gemeente te befoarderjen yn oparbeidzjen mei de befolking.

 

  • It romhertige sosjaal belied fan ús gemeente wurdt fuortset; mei each foar steape- lingskonsekwinsjes.
  • De gemeente soarget foar in bliuwende goede foarljochting oer de kritearia foar it takennen fan soarch, bystân, ensfh.
  • De yndikaasjestelling foar soarch en tsjinsten is objektyf, ûnôfhinklik en yntegraal.
  • By de útfiering fan de opdrachten yn it Sosjaal Domein leit de klam op kwaliteit.
  • By it oanbesteegjen fan soarch moat it útgongspunt wêze dat de helpferlieners twa- talich binne.
  • Oan mantelsoargers en frijwilligers moat rom omtinken jûn wurde.
  • Der moat nei stribbe wurde om yn safolle mooglik doarpen saneamde ynrinmooglik- hedenfoar de bewenners op te setten as der ferlet fan is. Dêr kinne de doarpetiims in wichtige rol yn spylje.
  • De gemeente moat goed tasjen op de kwaliteit fan en it tal pjutteboartersplakken.
  • It besteande boarterstúnbelied moat fuortset wurde; dêrneist sil de oanlis fan strúnplakken - dy't as doel hawwe om bern út te nûgjen ta aventoerlik boartsjen - omtinken krije moatte.
  • Foar de jongerein moat genôch omtinken wêze: De FNP wol foarsjenningen en aktiviteiten fasilitearje. Wy tinke derby oan de ProDemos-aksjes foar de jeugd en in twajierliks oerlis fan it kolleezje mei de jongerein yn it gemeentehûs.

 

 

De FNP foar it behâld fan de lânskipsstruktuer

Ynfrastruktuer
By de ynfrastruktuer yn ús gemeente giet it om in tal fan saken lykas ferkear, ferfier, ferkearsfeiligens, natuer- en lânskipbeskerming, grienfoarsjenningen en brêgen.

De FNP is fan betinken dat yn it belied yn alle gefallen omtinken wêze moat foar de ûndersteande punten.

 

  • De lânskipsstruktuer yn Tytsjerksteradiel is tige wichtich. Dy moat beskerme wurde en wêr't dat mooglik is yn âlde steat werombrocht wurde (bygelyks dykswâlen).
  • Gjin grutte frachtskippen nei en fan Drachten troch it Nationaal Park De Alde Feanen.
  • De gemeente stiet noed foar de ferkearsfeiligens. As soks spilet op provinsjale diken yn ús gemeente dan moat de gemeente by it provinsjebestjoer oanstean op it nimmen fan maatregels.
  • It besteande fytspadenet moat goed en deeglik ûnderholden wurde.
  • Foar de feiligens foar de fytsers moatte op bepaalde trajekten fytspaden neffens rjocht- linen fan it CROW oanlein wurde.
  • Der moat yn ús gemeente omtinken jûn wurde oan agrarysk relatearre ferkear. By skea oan diken moat it útgongspunt wêze dat de fernieler betellet.
  • De FNP stipet it provinsjale plan om ta in kwaliteitsnetwurk foar it lânbouferkear te kommen.
  • Der moat belied komme foar genôch parkeargelegenheid yn wenwiken.

 

De aktive boarger fielt him nofliker

Sport, rekreaasje en toerisme
Sport en beweging binne wichtich foar de folkssûnens. De oanwêzigens fan goede sport- en rekreaasjefoarsjenningen is fan grut belang. Yn it gemeentlik belied moat omtinken wêze foar dat soarte fan saken.

 

  • De sportfoarsjenningen moatte optimaal brûkt wurde.
  • De sportfoarsjenningen yn de doarpen moatte safolle mooglik bestean bliuwe. Der moat hiel hoeden omgien wurde mei de konsintraasje dêrfan. It berikken fan in balâns tusken wolwêzen en finansjele helberens is wichtich.
  • De gemeentlike swimbaden moatte yn stân bliuwe.
  • Yn ús gemeente hawwe lytsskalige rekreaasjefoarsjenningen de foarkar en de FNP stiet netwurkfoarming op dit mêd foar, lykas dat by "Wetterwâlden Bûtenfjild" (tûk ferbine) bart.
  • Der moat omtinken jûn wurde oan it befoarderjen fan it kultuertoerisme yn ús gemeente.
  • Rekreaasjefoarsjenningen kinne allinne mar útwreide wurde as de mienskip, de natuer en it lânskip dat oankinne. Yn dat ramt moat der noed stien wurde foar in sûne wetter kwaliteit.
  • By it tastean fan nijere foarmen fan rekreaasje op it wetter ("waterfunsports") sil it behâld fan de kearnkwaliteiten fan 'e Burgumer Mar - rêst, romte, natuer - by de FNP sintraal stean. No 't de gemeente nei de provinsje in posityf advys útbrocht hat oer it hurdfarren op de Burgumer Mar sil de FNP dêr hiel kritysk de útwurking fan folgje. De evaluaasje oer twa jier sil dúdlikens jaan moatte oer de eventuele skea oan de neamde kearnwearden. Dêrby moat it behâld fan 'e feilichheid op it wetter klam hawwe.
  • Der moat omtinken bliuwe foar de âlde en nij oan te lizzen kuierpaden en de ûnderlinge ferbiningen tusken dy paden.
  • It fasilitearjen fan de Fryske Olympiade oan 'e Wide Ie by Burgum moat fuortset wurde.
  • Romte en fasiliteiten foar sportfiskerij.
  • It ferfolch fan Kulturele Haadstêdaktiviteiten moat gemeentlik goed oppakt wurde.

  

 

De FNP foar in goed natuer- en miljeubelied


Lânbou, natuer en miljeu
Natuer en miljeu binne wichtige eleminten yn it libben. De grûngedachte is dat de minske him noflik ta wurkjen en wenjen set, wannear't der harmony is tusken mienskip en lânskip. Der sil yn it belied optimale soarch wêze moatte foar de trije eleminten dy't beskiedend binne foar natuer en miljeu, nammentlik: grûn, wetter en lucht. De boer is mei-ûnderhâl-der fan ús karakteristike lânskip. De FNP ferset him tsjin it fersmoargjen fan grûn, wetter en lucht. De FNP is fan betinken dat de soarch foar natuer en miljeu hege easken stelt oan it beoardieljen fan plannen en it ferlienen fan fergunningen.

Dat betsjut foar it belied:

  • It kommen ta in gemeentlike enerzjyfyzje dêr't in helber enerzjyplan út fuortkomt sa't ús gemeente meihelpe kin om de klimaatdoelen fan Parys 2015 te berikken.
  • Der moat hoeden omgien wurde mei de karakteristike eleminten yn it lânskip, wêrby't bioferskaat syn gerak hawwe moat.
  • De FNP wol ta op in wynmûnefrij lânskip, mar respektearret de rjochten fan de eigeners fan besteande wynmûnen.
  • De inisjativen ta oanlis fan sinneparken of oarsoartige foarmen fan sinne-enerzjy kinne op de sympaty fan De FNP rekkenje. In goeie lânskiplike ynpassing is hjir in betingst.
  • De FNP sil alle war dwaan om de kwaliteit fan it lânskip, de stilte, de pleatsen, de ka rak- teristike doarpen en it ferskaat fan ús lânskip te behâlden en te ferbetterjen. It is ús kapitaal!
  • In punt fan omtinken is it gebiet súdlik fan de Griene Stjer yn relaasje ta de boerebe- driuwen. Dus romte foar de boeren en gjin grutskalige rekreaasje.
  • Lytsskalige bedriuwsterreinen moatte hoeden en allinne neffens it ferlet - passend by doarp en lânskip - opset en ynrjochte wurde.
  • By bestimmingsplanwizigingen moat ek sjoen wurde nei de ynfloed fan de oanpassingen op de mienskip, ynfrastruktuer en it lânskip.
  • It noed stean foar grûn, wetter, lucht en leefberens moat it útgongspunt wêze yn alle fergunningsprosedueres. Dy prosedueres moatte betrouber, dúdlik en oerienkomstich de nije Omjouwingswet wêze. Foarskriften by de fergunningen moatte hanthavene wurde.
  • By it grûnstoffebelied is it stribjen nei in sirkulêre ekonomy it útgongspunt. Foarljochting oer in bettere skieding fan hússmoargens is neffens de FNP needsaaklik.
  • De FNP stipet ynnovaasje op it mêd fan duorsumens.
  • Yn it agrarysk fermidden kiest de FNP foar grûnbûne lânbou en sa mooglik biologyske lânbou.
  • It oantaasten fan 'e boaiem troch boarjen en grûnwetterpeilferleging kin rekkenje op tsjinstân fan de FNP.

 

 

Bedriuwichheid en tsjinstferliening kinne inoar fersterkje

Ekonomy/wurkgelegenheid
De FNP is fan betinken dat de wurkgelegenheid yn ús gemeente in punt fan grutte soarch is. It kreëarjen fan wurk sil benammen socht wurde moatte yn middelgrutte en lytsskalige bedriuwen én yn de tsjinstferliening en de soarch.

Dat betsjut foar it belied:

  • De âlde bedriuws- en yndustryterreinen moatte as earste opwurdearre wurde foarôfgeande oan it opsetten fan nije. As foarbyld neame wy hjirre de âlde suvelfabriken.
  • Wêr nedich moatte lytsskalige bedriuwsterreinen opset wurde kinne. De mooglikheid fan wenjen op sokke terreinen slút de FNP net út.
  • It kreëarjen fan sammelgebouwen is tige wichtich foar begjinnende ûndernimmers en moat stimulearre wurde.
  • By útwreiding fan it bedriuwsterrein Skûlenboarch/Westkern moatte de mooglikheden foar wetterbûne bedriuwen fergrutte wurde omdat it oan in A5-farrûte leit. In goede gearwurking mei Achtkarspelen is hjir beskiedend.
  • By ferlet kin ek it bedriuwsterrein by Garyp-Noard ûntwikkele wurde.
  • Frijkommende pleatsen yn it bûtengebiet kinne as bedriuwsgebou brûkt wurde foar nije lytsskalige en skjinne bedriuwen, as de ynfrastruktuer it talit.
  • Karakteristike gebouwen moatte hoede en noede wurde. Dêrmei wurdt wurkgelegenheid mooglik makke, it oansicht ferbettere en it wengenot ferhege: "Tytsjerksteradiel yn 'e pronk!"
  • De oanlis fan flugge digitale ferbiningen moat rûnom prioriteit hawwe.
  • De FNP is foar in goede evaluaasje fan it keapsneinbelied. It hifkjen fan 'e befolking kin hjir in middel by wêze.

 

  

De FNP is foar in betelber belied

Jildsaken

De FNP stiet foar in solide finansjeel belied. Mei it each op de finansjele situaasje freget dat in krityske hâlding oangeande oanbesteging, ynkeap en bedriuwsfiering. 

Dat betsjut foar it belied:

  • De gemeentlike útjeften en ynkomsten moatte ynsichtlik en kontrolearber wêze.
  • De gemeente moat hiel hoeden en kritysk omgean mei it ynhieren fan eksterne saakkundigens. It fleksibel ynsetten fan eigen personiel motivearret en hat de foarkar. It wurket stimulearjend en kostebesparjend en toant lef fan de organisaasje.
  • De gemeente docht allinne mei oan provinsjale- en boppegemeentlike projekten as de finansiering by alle belutsen partijen dúdlik regele is.
  • Ekstra ferheging fan de gemeentlike lêsten - boppe de ynflaasjekorreksje - moatte opkeard wurde.


Downloads:
20171208-hjvb-FNP program 20182022def.pdf


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)