Logo FNP

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

Ofskiedswurd fan Wijbe Postma (Ut de Wrotter fan april)

It like my wol aardich om myn ôfskiedswurd te dielen mei de lêzers fan De Wrotter. In grut tal minsken dy't it heard hawwe, seine dat it de muoite fan it oanhearren wurdich wie, dat sadwaande haw ik de muoite mar naam om it ek oan 'e Wrotterredaksje te stjoeren.

Wijbe Postma

"Foarsitter, kolleezje, kollega-riedsleden, amtners en griffymeiwurkers, famylje en oare belangstellenden.
Doe 't ik yn maart 1998 foar myn earste riedsperioade de belofte ôflei by de ynstallaasje fan myn riedslidmaatskip, hie ik net tinke kinnen dat ik earst 20 jier letter dit ôfskiedswurd útsprekke soe. Dat it 20 jier duorre hat is yn 't foar fansels net oer te sjen. Mar it is mooglik wurden troch in tal faktoaren en dêr wol ik no efkes by stilstean en myn tank en wurdearring foar útsprekke. 

Omdat Pieter Jelles Troelstra ús al foarhâlden hat dat de wrâld yn rûnten om ús hinne leit, begjin ik by it thúsfront. Dat hat faak akseptearre dat ik foar rieds-aktiviteiten opdrave moast of my weromluts yn myn mancave om stikken te lêzen. Dan de doarpsgenoaten yn Eastermar en ek de oare gemeentlike kiezers dy't - fia harren stim op my - oanjoegen betrouwen yn my te hawwen. 

Harren tankje ik foar dat betrouwen.
De folgjende rûnte is it bestjoerlike fermidden fan fraksje, ried, kolleezje, griffy en amtlike organisaasje. Yn 'e rin fan de ôfrûne fiif riedsperioaden is it besef hieltiten grutter wurden dat jo foar it goed bestjoeren fan ús gemeente mear berikke troch mei-inoar de oerienkomsten te sykjen as troch de ferskillen oan te skerpjen. 

De perioade 2002-2005 wie in spesja- lenien. Ik makke doe diel út fan it kol- leezje fan B&W en dêrby haw ik in soad leard. Hoewol't it wethâlderjen op himsels prachtich wurk is, kaam ik derachter dat ik dêr net geskikt foar bin: it wethâldersjaske siet my net noflik. Der wie lykwols yn dy perioade ek hiel wat te laitsjen. 

Ien foarbyld dêrfan: op in moarn stie der in soele sudewyn en dy makke dat de Rendac-dampen oer en troch it gemeentehûs lutsen; mei stevige stap trêde boargemaster Polderman troch de gong en rôp: "Wethouder Bakker, u bent van het milieu, nietwaar? Doe eens even iets aan die stank!" 

De lêste rûnte dy't ik hjir mei sympaty neam, is dy fan 'e partij, ús FNP. 
Ik bin yn 1972 yn - of all places - Harns lid wurden. Ik sis mei klam of all places, want Harns wol eins net al tefolle gedoente mei it achterlân hawwe: Harns is ommers in foarstêd fan Londen! It hoedzjen fan ús taal wie in driuw - en is it noch - om FNP'er te wurden.
 Ik fuotballe doe ek en myn tiimgenoaten fan Harlingen 3 koene myn Frysksinnigens wol wurdearje: "As wy speule mutte in 'e butendorpen hewwe we in alle gefallen in goeie tolk met." 

De FNP, en benammen de ôfdieling Tytsjerksteradiel, hat it foar my mooglik makke om dizze weardefolle 20 jier sa ryk te meitsjen as se wurden binne.
 Want foar my hat it in ferriking west. Ik haw dingen meimakke, sawol yn fleurige as yn dramatyske sin, dy't myn sicht op de minsken en de wrâld ferbrede ha.

It besef dat jo as riedslid de rol fan folksfertsjintwurdiger én bestjoerder spylje moatte, makket dat in trochtochte ôfwaging nedich is. Dat hat derfoar soarge dat ik hoedener mei myn oardiel oer saken en minsken wurden bin.
 En no? Fal ik no yn in gat no't ik moarn net mear riedslid bin? Dat falt genôch ta, want myn frou hat my al opjûn foar in kursus makramee ûnder it motto:
"dan hâldst dochs noch wat toutsjes yn hannen." 

Foar de nije ried en it nije kolleezje haw ik noch in lytse warskôging yn de foarm fan de slútsin fan it radioduo Erik Dijkstra en Frank Evenblij yn it freedtemiddeisprogram Buro Sport. Dêr wurde, yn 'e rubryk De verhoorwagen bekende minsken út de sportwrâld op 't harspit naam en einigje de mannen altyd mei: 

"Maar onthoud één ding. Wij houden u in de gaten!" 

Dat it jim allegearre goed gean mei. 

 

Wijbe Postma 

 

wijbe

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)