Logo FNP

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

FNP Tytsjerksteradiel

Frysk

Listlûker..... (Ut de Wrotter fan april)

Troch de leden, bestjoer en fraksje bin ik frege om listlûker te wurden. Wat dat krekt ynhâlde soe, wie ik doe noch net hielendal efter.

Troch de leden, bestjoer en fraksje bin ik frege om listlûker te wurden. Wat dat krekt ynhâlde soe, wie ik doe noch net hielendal efter. Fansels foto's meitsje, stikjes skriuwe en debatten fiere. Mar hoe as dat krekt oan de foarke stutsen wurdt wist ik doe noch net. 

Foaral it debattearjen foel ôf. De fragen giene meastentiids hielendal net oer de oandroegen punten. 

Sa soe it earste radiodebat gean oer it foarstellen fan de listlûker en oer wat de partij de foargeande fjouwer jier beskrept hie.
 Ik alles útsykje en de prachtige útwurking fan it FNP-belied yn 'e holle sette.
Ta myn fernuvering kaam der gjin fraach oer de behelle resultaten. It petear gie oer hiel oare saken! Konklúzje: sokke debatten binne net goed ta te rieden. 

De debatten oer de duorsumens yn It Maskelyn en oer de sport yn de kantine fan VV Bergum wiene dat wol. Dy temadebatten wiene neffens my ek de bettere petearen. 

Oer it algemien freegje ik my ôf wa't nei dizze RTV-Kanaal30-útstjoeringen harket of sjocht. Ik haw eins gjin reaksjes op 'e strjitte krigen. En as ik de oantallen besikers fan de You Tube-filmkes op Kanaal30 sjoch, fan 12 oant 147 kear besjoen (en miskien ek noch wol troch polityk aktive minsken), tink ik wolris hokker útwurking hat it. Mar dat kin ik net alhiel wier meitsje omdat ik it oantal harkers nei de radio op sneontemoarn net wit. 

De measte reaksjes haw ik krigen op de advertinsje yn Actief. Dy is wol oerkaam. De advertinsje lei prominint op 'e tafel by de tv-opnamen fan Kanaal30 en men woe it der daliks oer hawwe! Ik hie Actief sels noch net krigen en de advertinsje noch net iens sjoen! Bingo tocht ik dat is wer ekstra reklame en... fergees! Want dat is my wol dúdlik wurden, as listlûker moatte jo de FNP mei syn útgongspunten fer- keapje! Neat mear en neat minder! 

Ik wol noch wol kwyt dat de ferhâldingen mei alle oare listlûkers hiel goed bleaun binne. Wy 'hongen inoar wolris yn de bek' sa't dat dan hjit, mar nei ôfrin fûstken wy. Dêr kaam, neffens my, gjin bloed út.
 Ik hoopje it sa goed mooglik dien te hawwen en as wy nei de resultaten fan de FNP yn oare gemeenten sjogge hawwe wy it, mei it behâld fan ús fiif sitten, net ferkeard dien. Yn it Frysk Deiblêd haw ik sein dat Tytsjerksteradiel ek net in gemeente is fan grutte feroaringen. Wol is it sa dat wy as FNP in stabile faktor wurden binne en sjen litten hawwe ferantwurdlikens nimme te kinnen. 

Op it momint dat ik dit skriuw binne de koälysje-ûnderhannelingen úteinset en dat heart ek ta it wurk fan de listlûker. Gelokkich kin ik mei in betûft riedslid dizze petearen yngean. Wat it opsmite sil, leit fansels ek foar in grut part by de oare partijen en by de ynformateur. Der sil by it útkommen fan dizze Wrotter wol mear bekend wêze. 

Ik bin o sa benijd... 

 

Piet Reitsma 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)